Omrop Fryslân

Tineke Schokker stuts al jong de finger op: "Net te benaud wêze"

Tineke Schokker
© Omrop Fryslân, René Koster
Al hat se folle mear by de ein hân, de measte minsken sille Tineke Schokker-Strampel (72) benammen kenne as bestjoerder. Se wie deputearre fan de provinsje Fryslân en boargemaster fan Flylân. Se is noch hieltyd aktyf, as waarnimmend boargemaster fan Tytsjerksteradiel.
Dat lêste is se noch oant der wer in kroanbeneamde boargemaster is. Nei alle gedachten komt dy der yn jannewaris 2026.
Tineke Schokker groeide op yn Ljouwert yn in húshâlding mei twa famkes. Heit wurke as bakteriolooch yn it laboratoarium fan it suvelfabryk en mem wie thús. Muzyk spile altyd in belangrike rol.

"Ik tocht: smoar der mar yn!"

Earst benammen fia it harmoanium, dêr't de lieten fan Johannes de Heer mei faasje op spile waarden. Ek troch lytse Tineke, al fûn se dêr eins neat oan.
It leafst soe se fioele of sello spylje wolle, mar dat siet der net yn. By it Ljouwerter jeugdorkest krige se in bugel as ynstrumint.
Nei acht jier levere se har ynstrumint om in prinsipiële reden yn: hja mocht net nei it A-orkest om't se in famke wie. "In jonge, dy't echt net better spile, mocht wol. Doe tocht ik: smoar der mar yn!"
Lytse Tineke op de bugel
© Eigen foto
Dy emansipearjende ynslach kaam faker nei foaren. Bygelyks op it momint dat se as skoaljuf de finger opstuts, doe't frege waard wa fan it personiel fan de skoalle yn Tytsjerk belangstelling hie om haad fan de skoalle te wurden.
"Dat wie sa'n skok, se moasten suver reanimearre wurde. Dat wie gjin funksje foar froulju, fûn hja yn dy tiid. Sterker noch: froulju moasten ophâlde mei har wurk as se trouden. Unfoarstelber hjoed-de-dei, mar sa wie it wol."
Juf wurde wie trouwens net it doel fan Tineke. Se hie graach dokter wurde wollen. "Dat wie yn de tiid dat de saneamde Mammoetwet ynfierd waard. De hbs ferdwûn en dat waard de havo, wie ús ferteld. Pas yn it eksamenjier hearde ik dat studearje oan de universiteit mei in havo-diploma hielendal net koe. Dat wie wol in tebeksetter."
Om't de havo-top (de klassen 4 en 5) by de Pedagogische Academie (de eardere kweekskoalle) yn siet, wie dat it earste alternatyf. Letter hat Schokker noch bedriuwsekonomy studearre oan de Open Universiteit en kaam doe oan it wurk op it bedriuwsburo fan de thússoarch.

Hynders

Hynders binne ek in reade tried yn it libben fan Tineke Schokker. As famke sparre se al om yn de simmerfakânsje rydlessen te nimmen op de bernebuorkerij. Ek mei har man kaam se yn 'e kunde troch de hynders.
"Ik moast ris op in toernoai ride dêr't hy ringmaster wie. No, it earste wat we hiene wie spul", laket se. "Hy rôp my op wylst ik noch lang net oan bar wie. En dat ha ik 'him doe efkes goed witte litten. Mar de oare riders hiene doe al yn 'e gaten: dat koe wolris in skarrel wurde."
Foar de hobby wurdt thús yn Eastermar noch altyd lytsskalich fokt mei KWPN'ers. "Alle jierren nimme wy ús wer foar om it wat rêstiger oan te dwaan, mar ja, it is ús hobby, no?"
De jonge Tineke op rydles by de bernebuorkerij
© eigen foto
Tineke bedarre yn de polityk doe't ris hifke waard oft se der wat foar fielde om foar it CDA riedslid te wurden yn Tytsjerksteradiel. Dat gie doe net troch, mar se waard wol frege foar de list by de Provinsjale Steateferkiezingen.
"No earlik: ik wist net iens wat dat wie. Ik ha my der fansels earst wat yn ferdjippe en dan sjogge je dat it eins in hiel nijsgjirrige bestjoerslaach is."
No, sei ik, wat in orizjinele gedachte, mar dat dogge wy net.
Tineke Schokker liet fan har hearre
Yn de fraksje liet Schokker ek al gau sjen wa't se wie en hoe't se yn de wedstriid siet. "Doe spile it streekplan. Dat wie in wichtige portefúlje dêr't ik wol belangstelling foar hie. Mar der wiene mear yn de fraksje dy't dat graach ha woene."
"In Steatelid mei in protte ûnderfining stelde foar dat hy it wol tegearre mei my dwaan woe: ik de tarieding en hy de wurdfiering yn de Steaten. No, sei ik, wat in orizjinele gedachte, mar dat dogge wy net! Of wy dogge it krekt oarsom. No, dat wie net syn bedoeling. Mar goed: ik ha dy portefúlje doe wol krigen."
Nei acht jier Steatewurk krige Schokker de kâns om deputearre te wurden. "Dêr hie ik wol nocht oan, om't je dan echt oan de toutsjes lûke. Saken yn gong sette en minsken by inoar bringe, dat fûn ik altyd prachtich. Benammen foar de jeugdsoarch en ek yn de portefúlje bestjoerskrêft, dêr't ek de weryndieling ûnder falt."

Smoardrok

"As provinsjaal bestjoerder ha jo it echt smoardrok. Dêr ha de measten gjin idee fan. Sa belle ik as ik jûns wól thúskaam om te iten, sa útsûnderlik wie dat. Bizar, eins", sa fynt se no.
Tineke Schokker op Flylân
© ANP
De Waadeilannen, en yn it bysûnder Flylân, ha by Tinke Schokker altyd in bysûnder plak ynnaam. "Wy kamen altyd al nei Stortemelk op Flylân foar kampearfakânsjes. We hiene dan in tinthúske op it fjild 'Ver Weg'. Dy leafde is altyd bleaun."
Fan 2015 oant 2018 wie se waarnimmend boargemaster op it eilân. "Op sa'n eilân spilet altyd wol wat, mar kwestjes oplosse wie altyd myn doel. Dan sei ik: hoe soene jo dit sels oanpakke wolle? Dan like it somtiden dreech, mar der kaam eins altyd wol in oplossing."
Dat past ek by it libbensmotto fan Schokker. "Net te benaud wêze foar gedoch, problemen net ûntwike of der omhinne draaie. Nee, fuort de 'koe bij de hoorns' pakke en trochsette. En as dat net fuortendaliks slagget, dan oanhâlde as storein."

Earste Keamer

Tineke Schokker stiet foar it CDA ek noch op de kandidatelist foar de Earste Keamer. Dochs seit se dat Den Haag net echt har habitat is. Seker net sa't it dêr hjoed-de-dei faak giet.
"Gelokkich lit Henri Bontebal sjen dat it ek oars kin. Ik bin bliid mei dizze man en syn oanpak. Hy hat myn fertrouwen", sa slút Schokker hoopfol ôf.

Simmerpetear

It petear mei Tineke Schokker is te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries yn de rige 'It simmerpetear'. Fierder is it ek as podcast beskikber op de bekende platfoarmen.
Buro de Vries is alle wiken op snein by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt sneintejûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.