Omrop Fryslân

Hoe giest om mei de waarmte? "Kinne foarbyld nimme oan 'e bisten"

By Nij Mariënacker yn Warkum binne se yn eilânsfearen
© Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
It is simmersk waarm de kommende dagen. It RIVM hat dêrom it Nationaal Hitteplan ynsteld. Mar hoe hâldst it út yn dizze waarmte?
Der komt in blêd mei iisko's oan. Ien fan 'e bewensters fan Nij Mariënacker yn Warkum wit wol hokker oft sy ha wol: de blauwe.
It is ien fan 'e ferkuoljende snacks op it spesjale wikemenu dat it wensoarchsintrum opsteld hat fanwegen de waarmte.

Stikje woarst of tsiis

"Der is swietichheid, ekstra focht, mar ek wat ekstra sâlt, lykas in stikje woarst of tsiis", seit Angela Ruivenkamp, teamlieder by Nij Mariënacker. "Mei hjitte dagen dogge wy dit faker."
"Ik siet earst foar. Wat wie it dêr hjit", fersuchtet in bewenster ûnder in parasol oan 'e sydkant fan it wensoarchsintrum. "Ik sei: ik moat hjir wei. En doe ha se my hjir plante. Hjir hâlde wy it wol fol."
Under de parasol oan 'e oare kant fan Nij Mariënacker is it better út te hâlden
© Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
As minsken it bûten of op de keamer net úthâlde, kinne sy nei de sintrale hal. Dêr steane parasols, opblaasbere swimbannen en in lyts swimbadsje, dêr't minsken mei de fuotten yn kinne. "Dat jout ek ekstra wille mei inoar, even spatterje", seit Ruivenkamp.
De bewegingsaktiviteiten binne skrast. "Op tiisdei ha wy altyd gymnastyk. Dat ha we no ôfsein, omdat dat no te folle ynspanning is foar ús bewenners."
In huodsje, in bekerke wetter en de fuotten yn in badsje. Yn Nij Mariënacker litte se har net gek meitsje
© Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
Neffens GGD Fryslân jilde de advizen by waarmte altyd, mar wurdt it hjitteplan ôfkundige as it meardere dagen efterinoar waarm is. Us lichem is der no noch net oan wend, om't wy noch gjin langere perioaden fan waarmte hân ha.
"Het is vooral belangrijk om goed te blijven drinken. Ongemerkt zweet je meer vocht weg dan je denkt", seit Joost de Bruijn fan GGD Fryslân. "En het is belangrijk om vooral de koelte en de schaduw op te zoeken."
Het kan ook gevaarlijk zijn voor mensen die zich heel fit voelen, zeker als je je inspant.
Joost de Bruijn, GGD Fryslân
"Vooral ouderen, jonge kinderen en zieken kunnen een hitteberoerte krijgen en in het ziekenhuis belanden. Maar het kan ook gevaarlijk zijn voor mensen die zich heel fit voelen, zeker als je je inspant", stelt De Bruijn.
It is dêrom foaral saak om dy net te bot yn te spannen. "De komende dagen wordt de luchtvochtigheid ook hoger, dus dan is het al helemaal niet handig om te bewegen."
Hoe't je in hjitteberoerte werkenne? "Iemand wordt kortademig, een stuk roder, raakt uitgeput en is moeilijk aanspreekbaar", sommet De Bruijn op. Ekstra saak om goed opinoar te letten dus.
Joost de Bruijn fan GGD Fryslân
© Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
Op it Bogerman yn Snits diene se moandeitemoarn en -middei it tsjinoerstelde fan rêstich oan. Dêr stie in duatlon op it programma.
Yn natuergebiet De Potten moasten de learlingen twa rûntsjes fan trije kilometer drave en ek nochris sechstjin kilometer fytse. Dat dogge sy foar it goede doel.

"It falt allegear wol ta"

"Wy ha der wol oer neitocht om it al of net trochgean te litten, mar it falt allegear wol ta. Der stiet in wyntsje", sei dosint Sjoerd Hiemstra. "De bern ha dúdlike ynstruksje fan ús: rêstich oan, goed drinke en goed smarre."
Ferspraat oer de rûte stiet skoalpersoniel by stimpelposten en der is ek in mobyl team op 'en paad om 'e dielnimmers yn de gaten te hâlden.
"En oan 'e ein krije de bern in iisko, limonade en kinne se in dûk nimme yn it wetter. It gie moai. It is lekker relaxt en dat past ek wol by it waar."
De ringsturtmakys krije beferzen fruit
© Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
Yn AquaZoo leit it tempo mei de hege temperatueren wat leger. De bisten krije beferzen iten om 'e lichemstemperatuer op peil te hâlden.
Sa kinne de ringsturtmakys snacke mei beferzen fruit en moatte de reuze-otters krekt wat mear muoite dwaan foar harren fiskje, want dat sit yn in dikke klomp iis.

Foarbyld nimme oan de bisten

"Alle dieren hebben het warm op deze dagen. Ze passen zich goed aan in hun gedrag", seit Jeroen Loomeijer fan AquaZoo.
"Ze gaan het water in, liggen in de schaduw of gaan gewoon slapen. Daar zouden we als mens wel een voorbeeld aan kunnen nemen."
In tiger nimt in ferkuoljende dûk yn it wetter
© Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
It personeel docht it wurk ek wat oars. "Onze werktijden van dierverzorging zijn anders. We beginnen eerder, lassen extra pauzes in en hebben extra zonnebrand ingeslagen", beslút Loomeijer.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.