Winkeldieven op streuptocht

Drachten
Fiif minsken binne tongersdeitejûn yn Drachten oanhâlden foar stellerij út kleanwinkels. Se waarden oppakt op oanwizing fan winkelpersoneel. By kontrôle die bliken dat se yn it besit wiene fan klean dy't stellen wie yn Grins en Rozenburg. Yn Drachten hiene se de klean weromhongen, nei alle gedachten omdat se harren yn 'e gaten hâlden fielden.
Fjouwer fertochten giene derop út om te stellen en nûmer fiif siet yn 'e auto te wachtsjen. De fertochten wenje yn Grins en Rozenburg.
De klean en de auto binne yn beslach naam. De fertochten binne tusken de 33 en 38 jier âld.