Omrop Fryslân

Dielnimmers en organisaasje oer swierste Stepalvestêdetocht ea: "Alles wie wiet"

Dielnimmers oan de swierste Stepalvestêdetocht ea
© Radio Spannenburg, Ciska Bruinsma
De Stepalvestêdetocht is offisjeel gjin wedstriid, mar de rappere dielnimmers meitsje der yn it lêste stik sels wol in wedstriidsje fan. Dit jier wienen Mente de Boer en Rosanne Reijne de rapsten.
Dat wedstriidsje begjint by de maneezje yn Harich, it plak fan de lêste tiidkontrôle. Dielnimmers meie dêr pas fuort as elkenien dêr oankaam is.

De rapste fûn it ek swier

Foar Mente de Boer is it de sânde kear dat er as earste oer de streek komt yn Boalsert. Hy neamt it de swierste edysje dêr't er ea oan meidien hat.
De stepper út Nijlân kaam snein krekt nei 16.00 oere oan. "Dit hie alles wat je ferwachtsje kinne fan in swiere tocht", fertelt er. "In bulte rein en hurde wyn."
Dat begûn yn de nacht al. "Yn Frjentsjer hienen we al rein. En ik hie reinklean mei, dat holp earst ek wol, mar op in bepaald stuit wie dat ek net mear genôch."
"Doe ha ik de klean ek mar út dien, want alles wie wiet."
By de froulju kaam Rosanne Reijne út Woudenberg (Utert) as earste oer de streek. Sy hat ek in swiere tocht hân.
"Ik heb vannacht een valpartij net voor me gezien", fertelt se. "Dat was een Italiaan, die heb ik weer overeind geholpen."
Wat 1963 wie foar de reedriders, is 2025 foar de steppers.
Rein Swart, foarsitter Stepalvestêdetocht
"Verder heel veel mensen met lekke banden en mensen die uit de race stapten. Ik snap het wel, want het was niet altijd leuk. Maar ik ben trots."
De rapste steppers fan de Stepalvestêdetocht
Fan de 400 steppers dy't snein begjinne soenen oan de goed 200 kilometer, binne úteinlik in lytse 300 dy't de tocht folbrocht ha, fertelt foarsitter Rein Swart. Sa'n fyftich binne net oan de start ferskynd, en nochris goed fyftich binne ûnderweis ôfstapt.
De lêste stepper kaam sneintejûn om ûngefear 20.30 oere oer de streek yn Boalsert. "Wat 1963 wie foar de reedriders, is 2025 foar de steppers", laket Swart. "It is ferskriklik sa swier oft it wie."
Yn Aldemardum seagen de dielnimmers op tsjin it swiere ein fan de tocht:
It reinwetter soarge foar in soad lekke bannen. Mei in wiet weidek plakke stientsjes makliker oan de bannen. De banneplakkers, dy't yn twa bussen mei de steppers meirieden, ha in drokke dei hân.
"Ien fan ús frijwilligers is noch fan Menaam nei myn hûs yn Warns ta riden om ekstra bannen út de opslach op te heljen", fertelt Swart.
Underweis wienen der ek ûngelokken, mar foar safier't Swart no oersjen kin net mei grutte gefolgen.

Rein en wyn moatte je mei omgean kinne

De organisaasje wie op foarhân benammen benaud foar tonger. Al foar de start waard al in oprop dien oan minsken oan de rûte om skûlplakken beskikber te stellen.
Mar tonger bleau de dielnimmers en de organisaasje besparre. "En reinwetter en hurde wyn binne waarsomstannichheden dy't je yn Nederlân ha kinne, dus dêr moatte je mei omgean kinne."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.