Omrop Fryslân

Alwer in omlieding foar Stepalvestêdetocht: 30 sintimeter wetter yn tunnel by Balk

De steppers ûnderweis
© Gwen van der Sluis
De Stepalvestêdetocht hat fanwegen it reinwetter de rûte op guon plakken oanpasse moatten. De swiere omstannichheden soargje ek foar in drokke dei foar banneplakkers.
"De banneplakkers ha oeroeren makke", seit Rein Swart, foarsitter fan de Stichting Bolswarder Stepelfsteden. "Der binne in ferskriklik soad lekke bannen."
Dat is net de iennige maleur dy't de dielnimmers ûnderweis hân ha. "Der binne ek foarfoarken brutsen yn guon gefallen. Dat gebeurt ek."

Dochs oer Aldebiltdyk

De start fan de 38e Stepalvestêdetocht wie fannacht. Nei in pear oeren wie al dúdlik dat dit in tige swiere edysje wurde soe, benammen fanwegen de rein.
Radio Spannenburg folget de steppers op 'e foet:
Ien fan de foarsoarchsmaatregels wie dat de rûte omlein waard. It doel wie om de Aldebiltdyk te mijen, want dat soe te gefaarlik wêze. Dochs koene de steppers net oars as oer de Aldebiltdyk hinne, want op de alternative rûte stie in auto yn it paad.

Tsientallen útfallers

Op de ûnderste lus fan de rûte moast it parkoers ek oanpast wurde. "Ik stean hjir no yn Balk it ferkear te regeljen", fertelt Swart. "Want yn de tunnel hjir stiet 30 sintimeter wetter."
De swiere omstannichheden ha soarge foar inkelde tsientallen útfallers. Der wienen earst al goed fyftich dielnimmers dy't hielendal net fan start gien binne. "En ûnderweis ha we al minstens 20 oant 30 útfallers."
Ut en troch is it even drûch, mar de swarte wolken sizze genôch
© Gwen van der Sluis
Fan slimme ûngelokken is gelokkich gjin sprake, seit Swart. "Mar je wurde wol wurch en dan wurde je ek kâld."
Swart ferwachtet de earste finishers om ûngefear 16.30. "Dan kinne se de tinte mar yn!"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.