Striemin waar, falpartijen en útfallers: de dreechste Stepalvestêdetocht yn jierren
It is de dreechste edysje fan de Stepalvestêdetocht yn jierren. Dat lit de organisaasje witte. De dielnimmers hawwe te lijen fan dweiltrochwiet waar. Der hawwe ferskate falpartijen west.
De organisaasje die sneontejûn al in driuwende oprop foar skûlplakken, bedoeld om autopetters drûch en feilich ûnder te bringen as it mâl gie mei it waar.
Minsken dy't by de Alvestêderûte del wenje, waard frege om skûlplakken beskikber te stellen foar de sportive striders.
"Mocht het weer omslaan, willen we hen de mogelijkheid geven om ergens veilig en droog te kunnen schuilen, met name 's nachts."
Falpartijen
De organisaasje lit snein witte dat der ferskate dielnimmers fallen binne en dat it minne waar wol ûngelokken feroarsake hat.
Krekt nei fiven yn de moarn wiene de earste autopetters sawat by Dokkum.
"Wat een nacht...", skriuwe de minsken fan it evenemint. "Het was afzien voor velen, met VEEL regen, wind en weinig slaap."
Rein Swart is foarsitter fan de Stichting Bolswarder Stepelfsteden. By de drûge start yn de stêd wie Swart noch posityf: "It kin aanst noch oars wurde, mar we kinne yn rêstich waar dy kant op."
"We hawwe wol wat foarsoarchsmaatregels naam en de rûte in bytsje omlein. De Aldebiltdyk geane we no net oer. Want mei in soad reinwetter en tonger wolsto dat net hawwe."
Der wiene sa'n 400 ynskriuwingen foar de tocht, mar de organisaasje ferwachte al wol dat der minder dielnimmers oer de streek komme soene.
"Ik tink dat der wol ôffallers binne", sei Tinus van der Weide, dy't yn in folchauto stapte.
It waar ûntkaam him net: "Poermin. It wurdt swier, in pittige nacht."
Feiligens giet foar
Op de eigen kanalen liet de organisaasje witte dat der min waar en mooglik tonger foarsein waard. Dielnimmers waarden mei klam frege om harren waarm en wetterticht oan te klaaien.
Hâld boppedat de waarsfoarsizzing yn de gaten, frege de organisaasje. "Veiligheid gaat altijd voor."
"Aan alle toeschouwers en supporters langs de route: jullie aanmoedigingen maken echt het verschil. Dank voor jullie warmte en hulp onderweg."