Drankrider op scooter snipt
De plysje hat sneontenacht in scooterrider út Jutryp yn syn wenplak oanhâlden. De man slingere frijwat doe't er oer de Louwewei ried en waard steande hâlden foar in kontrôle. By de blaastest die bliken dat de man tefolle drank hân hie.
De man moast syn rydbewiis ôfjaan en krige ek proses-ferbaal.