Omrop Fryslân

Brieven en tekeningen út kamp Buchenwald: de neilittenskip fan Heine Koonstra

In selsportret fan Heine Koonstra
© Omrop Fryslân, René Koster
Yn museum De Sûkerei yn Damwâld is op 't heden in bysûndere útstalling te sjen. Dêryn stiet it libben en it kreative wurk fan Heine Koonstra sintraal. Heine waard, krekt as syn broer Sijtze, yn febrewaris 1944 oppakt by in razzia ûnder Ikkerwâld en yn Dútslân te wurk steld.
Heine kaam nea werom: hy stoar op 25 april 1945, wylst de befrijing yn Nederlân yn folle gong wie, oan TBC yn in hospitaal by Buchenwald. Dat syn ferhaal no ferteld wurdt mei dizze útstalling, komt benamme troch inisjatyfnimmer Age de Graaf.
Age de Graaf siket de namme fan syn heit en dy fan Heine Koonstra op de list fan Buchenwald
© Omrop Fryslân, René Koster
Yn augustus 2024 dolde De Graaf troch guod fan syn heit Jan, dy't tagelyk mei Heine oppakt wie. Hy ûntduts fan alles oer saken dêr't syn heit nea oer prate woe.
Ut de stikken die bliken dat heit Jan mei Heine en oaren fia de finzenis fan Ljouwert en kamp Amersfoort yn Buchenwald bedarre. Age de Graaf biet him fêst yn dit stikje mienskiplike skiednis fan syn heit en Heine Koonstra.
Reklameposters fan de hân fan Heine Koonstra
© Omrop Fryslân, René Koster
It smiet in skat oan ynformaasje op, dat foar in part op de útstalling te sjen is.

It wurk fan Heine

Tiete Kloosterman-van der Kooi kin noch út de earste hân oer de Koonstra's fertelle. Sijtze, de âldste fan de bruorren, wurke nammentlik as feint op de pleats fan har âlden.
It heucht har bygelyks dat sawol Sijtze as Heine altyd tekenen op de râne fan 'e krante. Sijtze oerlibbe de oarloch en hat oant syn ferstjerren yn 2012 altyd goed past op de neilittenskip fan Heine: dokuminten, brieven (dy't út it kamp wei nei hûs ferstjoerd wiene) en 180 tekeningen.
Frou Kloosterman-van der Kooi by de útstalling
© Omrop Fryslân, René Koster
Heine waard sjoen as in talintfolle tekener dy't him talein hie op it meitsjen fan kleurrike reklameposters. Omdat se altyd keurich oprôle tusken âlde kranten bewarre waarden, sjogge se der noch as nij út, sa is op de útstalling te sjen.
Age De Graaf earet mei de útstalling net allinnich de bruorren Koonstra, mar ek ek syn heit Jan.
Grafikus en foarmjouwer Klaas van der Meulen wiist op in detail fan in reklameposter
© Omrop Fryslân, René Koster
"Us heit hat der nea oer prate wollen, mar it hold him wol syn hiele libben dwaande. Dat Heine it net oerlibbe hat, siet him dwers. Yn de dokuminten sjoch ik dat hy fuort altyd ek de namme fan Heine falle liet. Hy hat djippe yndruk op him makke. Heine wie in bysûndere man."
De útstalling "Heine Koonstra (1922-1945), een talentvol tekenaar" is noch oant en mei 9 maaie te sjen yn De Sûkerei yn Damwâld.

80 jier frijheid

Dizze perioade wurdt rûnom yn Fryslân mei allerhande aktiviteiten stilstien by 80 jier frijheid.
Wolst op de hichte bliuwe fan it lêste nijs, of mear witte oer de aktiviteiten dy't organisearre wurde? Sjoch dan op ús temaside.
Dit ferhaal is as reportaazje te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries. Fierders is de podcast beskikber op de bekende platfoarms.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.