Oerlizze fûgels oer grutte besluten? "Spannend as jo dêroan morrelje"
Prate fûgels mei-inoar? Oerlizze se bygelyks oer hokker karren oft se meitsje? "Der bart mear op dat mêd as wat we betinke kinne", seit skriuwer Jantien de Boer.
De Boer, dy't sjoernalist en kollumnist is by de Leeuwarder Courant, is foar har boek Wondervogels yn petear gien mei biologen en fûgelkenners.
De wittenskip gie der altyd fan út dat allinnich minsken oer sprektaal beskikke, mar der is wol wat oan it skowen, ûnduts De Boer yn de petearen.
Ien fan de wittenskippers mei wa't se prate, wie de Fryske fûgelprofessor Theunis Piersma. Neffens him is der by fûgels mear as allinnich mar in soarte fan 'masjinaal hanneljen', sa't sûnt René Descartes yn de 17e iuw tocht waard.
Wêrom soene trekfûgels net mei-inoar prate en oerlizze oer besluten dy't se ûnderweis nimme moatte?
"It is fansels hiel spannend", seit De Boer, "as jo dêroan morrelje."
Wittenskippers wolle net fan antropomorfisme beskuldige wurde, mei oare wurden it takennen fan minsklike eigenskippen oan net-minsklike wêzes.
"Mar der moat wol wat wêze op dat mêd", tinkt De Boer. "Wêrom soene trekfûgels, dy't foar sokke grutte opjeften stean, net mei-inoar prate en oerlizze oer besluten dy't se ûnderweis nimme moatte?"
Yn de petearen mei fûgelwittenskippers en -kenners pikte De Boer ek op dat in minske in relaasje mei fûgels opbouwe kin. Dy ûnderfining hie se sels al jierren, fertelt se. Dan giet it bygelyks oer krieën dy't alle dagen by har op it hiem delkomme foar wat weake kattebrokjes en har wekker meitsje as se wat te let is.
"Mar foar my is it maklik om bygelyks te stellen dat fûgels in siel ha. Dat se, neam ris wat, ek rouwe kinne."
Foar wittenskippers is dat oars, beseft se: "As dy soks sizze soe, dan krijt er al gau it oardiel dat er wat fan 'it padje' rekke is. Mar ek dêr sit écht beweging yn en dat is hiel bysûnder."
Buro de Vries
Dit ferhaal is as reportaazje te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries. Fierders is de podcast beskikber op de bekende platfoarms.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle tusken 21:00 en 23:00 oere.