Loesanne Velstra is in rasechte supper: "Tichter by de natuer komme je net"
It is acht oere moarns, de ryp stiet op it gers. De sinne komt op. Dat binne de moaiste mominten foar Loesanne Velstra fan Doanjum. Alle dagen stiet se as it efkes kin op de supplanke.
De iere moarn is ien fan de moaiste mominten om oer it wetter te glydzjen, seit se. "Tichter by de natuer komme je net"
Suppe: tichter by it wetter komme je net
Velstra is in echt wettermins. "Se sizze dat ik yn stee fan bloed, wetter troch de ieren rinnen ha." Se roeide, surfte en groeide op mei wetter. Doe't se by Doanjum kaam te wenjen waard dat suppen.
Suppe is in sport, mar ek ûntspanning
Yn 2015 hierde se in kear in planke, en wie fuort om. Yn 2017 begûn se mei lesjaan en no stiet se sa goed as alle dagen op de supplanke. By har pleats oan de Tsjummearumer Feart of earne oars yn de provinsje. Allinnich of mei oaren. Se jout clinics en suplessen.
Suppe bringt har in hiel soad, fertelt Velstra. "Rêst yn 'e holle, je binne midden yn 'e natuer en it jout ûntspanning en wille."
Mei suppen kom je neffens Velstra folle tichter op it wetter as mei mei silen of yn in kano. "Tichter op it wetter komme je net."
Je steane op de planke dus je ha in hiel oar sicht. Je sjogge oer it reid hinne en dat jout in hiel oar perspektyf as by bygelyks silen.
Dan bin ik gelokkich, de wrydskheid fan it Waad is prachtich!
De maaitiid is in prachtige perioade, seit se. Dan hearre je de fûgels, komme de nêsten en it nije libben wer.
As it stil waar is giet se ek mei de sup de Waadsee op. Dat fynt se miskien wol it moaist. "Dan bin ik gelokkich, de wrydskheid fan it Waad is prachtich!"
As je se foarby glydzjen sjogge, sjocht it der hiel ûntspannen en maklik út. Neffens Velstra is der mar in inkeling dy't it suppen net yn 'e macht krijt.
Goed foar de balâns, yn liif en holle
It komt oan op it finen fan balâns. Dat is wol efkes útfinen, mar de measte minsken kinne it nei ien of twa lessen. It is in goeie oefening foar minsken om it lykwicht te finen.
Sa is it foar froulju mei bekkenynstabiliteit in goeie manier om te herstellen. Mar ek om stress te liif te gean. In soarte fan yoga op it wetter.
Echte sport
Op de fraach oft suppen in sport is, laket Velstra. "Wat tochtest do? Jawis is suppen in sport!"
Der binne ynternasjonale wedstriden. Yn maaie is it NK suppen yn Almere en yn oktober is it wrâldkampioenskip yn Abu Dhabi. Yn ús eigen provinsje is alle jierren de sup-alvestêdetocht. Dat is in echte wedstriid mei dielnimmers út ferskate lannen.
Velstra is ek ambassadeur fan it Waad. De ambassadeurs binne ûndernimmers út ferskate sektoaren dy't yn it Waadgebiet wenje en wurkje, en de wearde fan it gebiet útdrage nei bewenners en besikers ta.
Se docht yn dat ramt mei regelmaat clean up-suptours. Mei in klupke froulju supt se dan oer de feart nei bygelyks Tsjummearum en Frjentsjer en dan helje se rotsoai út it wetter.
It is net mear by te hâlden. Ik dream der soms fan. It is echt ferskriklik, al dy rotsoai.
Neffens Velstra is dat alle kearen wer in grutte put. Se komme dan in hiel soad ôffal tsjin. Blikjes, plestik fleskes en sjipspûdsjes. Oer in stikje fan twa kilometer ha se somtiden in oanhingwein fol.
It kostet in soad enerzjy om dat mei sa'n lytse groep te dwaan. Help fan oaren bliuwt derby en dat fynt Velstra spitich. "Ik hoopje dat in oar ek ris wat docht. Ik dream der soms fan. It is echt ferskriklik, al dy rotsoai."
Velstra hat dêrom it clean up-suppen op in wat leger pitsje set, mar giet wol troch mei it oprêden. Op har 'eigen' stikje wetter by de pleats is it brânskjin. Dêr soarget se goed foar.
Se hopet dat oaren ek harren bêst dogge om de natuer skjin te hâlden, mar wit ek dat de maitiid der oankomt en dus it moaie waar.
"Benammen as it moai waar west hat, dan komme de blikjes, fleskes en pûdsjes wer."
Leaver harkje?
Dit ferhaal is as reportaazje te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries. Fierders is de podcast beskikber op de bekende platfoarms.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle tusken 21:00 en 23:00 oere.