Ferslave, bipolêr en dochs lichte gedichten skriuwe: biografy fan Jacobus Q. Smink fertelt syn ferhaal
Hy wie in bysûnder man, Jacobus Q. Smink. Ferline jier kaam dizze markante dichter te ferstjerren. Marian Hulshof lei syn libbensferhaal fêst yn de biografy Skitterje en skûlje. It wurd 'markant' wurdt net samar brûkt, sa docht bliken út it ferhaal en ek al út de ûndertitel: 'It libben fan in bipolêre dichter'.
"Hoe hij de geschiedenis ingaat moeten we afwachten, maar voor mij zijn veel van zijn gedichten monumenten. Persoonlijk, mooi en op in bijzondere manier vastgelegd", seit Hulshof.
Marian Hulshof en Jacobus Smink koene inoar fan harren stúdzjetiid yn Grins. Noch net sa lang lyn kamen se wer op inoars paad. Smink frege har doe in blomlêzing fan syn gedichten te meitsjen, oanfolle mei ynterviews. Dat smiet lang om let dizze biografy op.
Jacobus Q. Smink groeide op yn Sondel en kaam der in pear jier lyn - min of mear ôftakele - werom. Hy wurdt omskreaun as ûnwjersteanber sjarmant, mar faak ek ûnbrûkber.
Syn bipolêre steuring en ferslaving oan alkohol, nikotine en kannabis: it spile allegear in rol yn syn libben en syn gedichten. En al wenne en wurke er as dosint Nederlânsk it grutste part fan syn libben yn Eindhoven, syn gedichten skreau er yn it Frysk.
Tragyk
Sels sei er oer syn poëzij: "As de tragyk grut is, moatte jo dêr sa licht mooglik oer skriuwe. Myn wurk is dan ek licht dêr't it swier is, en swier dêr't it licht is."
Syn libben wie net allinnich tragysk, mar ek geregeld wyld en opwinend. Strak yn it pak mei strutsen himd en strik, of yn learen motorklean op 'en paad mei de rappe motor, sa koene je him tsjinkomme.
Mar likegoed ferwaarleazge, want hy sammele fan alles en koe der net ôfsjen. It guod groeide him boppe de holle. De lêste jierren fan syn libben brocht Smink troch yn Sondel dêr't er him earst mei in rollator noch wat ferpleatse koe.
Hâlde fan it libben
Yn in fakânsjewike fan de Zonnebloem stroffele er oer it tsjiltsje fan de rollator by it rinnen fan de polonêze. Hy bedarre yn in scootmobyl. "Dat was weer een stap in de aftakeling", fertelt Hulshof: "Spijtig, want hij hield nog zo van het leven."
Marian Hulshof hat Smink it hiele boek noch foarlêze kinnen. "Hij vond het prachtig en zei: dat wordt een bestseller!"
Leaver harkje?
Dit ferhaal is as reportaazje te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries en ek as podcast beskikber op de bekende platfoarms.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.