Omrop Fryslân

Avine Fokkens wint Els Veder-Smit priis foar bydrage oan Fryske polityk

Avine Fokkens (midden) by de útrikking fan de Els Veder-Smitpriis
© Marieke Balk Fotografie
Boargemaster Avine Fokkens fan Hearrenfean hat sneon de Els Veder-Smit priis wûn. Dy priis wurdt om de trije jier útrikt oan in persoan dy't in wichtige bydrage levere hat oan de posysje fan de frou yn de Fryske polityk.
De winner fan de priis waard op Ynternasjonale Frouljusdei bekend makke troch deputearre Abel Kooistra op in gearkomste yn Ljouwert.
De sjuery priizge Fokkens: "Op leechdrompelige en tagonklike wizen wit sy froulju te motivearjen en ynspirearjen om politike ambysjes nei te jeien."

Wa wie Els Veder-Smit?

Els Veder-Smit (1921-2020) wie yn 1967 de earste Fryske frou dy't yn in kabinet kaam. Se hie in lange karriêre: se wie riedslid yn Ljouwert, Steatelid, Earste- en Twadde Keamerlid, steatssekretaris en lid fan de Ried fan Steat.
Veder-Smit hat har as bestjoerder hurd makke foar it oprjochtsjen fan it MCL sikehûs yn Ljouwert.
Fokkens wie bliid ferrast mei de priis. "Wat ik de vrouwen van de toekomst gun is dat ze zich vrij voelen om te zeggen wat voor hen belangrijk is, en dat we elkaar, als vrouwen onder elkaar, steunen!", sei se by de útrikking.
De 53-jierrige Fokkens wie fan 2019 oant 2023 deputearre yn Provinsjale Steaten mei ferkear en ferfoer yn har portefúlje. Dêrfoar wie se fan 2015 oant 2019 fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Steaten en fan 2007 oant 2011 wie se Steatelid. Dêrfoar wie se juriste by de rjochtbank fan Ljouwert.
De earste kear dat de Els Veder-Smit priis útrikt waard wie yn 2022. Doe wûn Lutz Jacobi.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.