Omrop Fryslân

Benammen âlderen it slachtoffer fan cybercrime? Dat is in misfetting

Oscar Bulthuis by in workshop Cyberveiligheid op It Hearrenfean
© Omrop Fryslân, René Koster
Mear as 1 miljoen Nederlanners wurde alle jierren it slachtoffer fan online oplichting. De gedachte dat benammen senioaren faak it slachtoffer wurde, is lykwols in misfetting.
Dat seit Oscar Bulthuis. Hy traint minsken om har te wapenjen tsjin saken as phishing, bankfraude of online oplichting.
Neffens Bulthuis binne ek jongeren dy't in soad online binne en sawat alles digitaal dogge wolris roekeleas. "Mensen die niet digitaal zijn opgegroeid zijn doorgaans wat voorzichtiger, maar door onbekendheid met de digitale mogelijkheden, ook wel weer kwetsbaar."
Bulthuis skreau it boek Cyberveiligheid in begrijpelijke taal en ûntwikkele op basis dêrfan ek in workshop workshop oer de gefaren fan cybercrime.

Foar tsientûzenen euro's it skip yn

Oanlieding foar Bulthuis om yn it ûnderwerp te dûken, wie it feit dat syn heit ea ris it slachtoffer waard fan online oplichting. Mei in raffinearre kampanje mei foto's en saneamde oproppen fan ferneamde BN'ers rûn Bulthuis syn heit yn de fûke om te ynvestearjen yn Bitcoins.
In 'advys' fan in sabeare Jort Kelder, soarge der lang om let foar dat de heit foar tsientûzenen euro's it skip yn gie,
It boek fan Oscar Bulthuis
© Omrop Fryslân, René Koster
Neffens Bulthuis bin it gemene trúkjes om minsken te mislieden. Wantrouwen as útgongspunt is dêrom dan ek it bêste as je benadere wurde, sa docht kear op kear bliken.
Benammen ûnferwachte mailtsjes, telefoantsjes en appkes fertsjinje ekstra oandacht. Mei nepberjochten yn mails besykje cyberkriminelen minsken faak benaud te meitsjen.
En omdat se sizze in oplossing oan te bieden, traapje in soad minsken deryn. "Je maakt je zorgen en bent blij dat 'de bank', 'de politie' of en andere instelling meteen hulp aanbiedt. Als je daarop ingaat door bijvoorbeeld een link aan te klikken, gaat het pas écht mis."
Telefoantsjes fan ûnbekenden - hielendal út it bûtenlân wei - moatte folslein negearre wurde. "Of zeg dat het niet uitkomt en dat je zelf wel terugbelt", tipt Bulthuis.
Sa giet it by cybercrime
© Omrop Fryslân, René Koster
Dielnimmers oan de workshop by it FNV-gebou op It Hearrefean werkenne dy sinjalen. Benammen phishingmaills komme bekend foar. Mar ek WhatsApp-fraude. nep-sms'kes en telefoantsjes fan saneamde bankmeiwurkers komme de minsken bekend foar.
"As immen my opbellet en Ingelsk praat, smyt ik de hoarn der fuort op!", fertelt ien fan de dielnimmers oan de workshop. "Dan is it wol dúdlik dat it net doocht. Mar der binne ek wolris twivelgefallen."

AI makket ûnwis

Minsken wurde dêr ûnwis fan, sa docht bliken op It Hearrenfean. Hielendal no't foto's en sels stimmen fan bekenden mei keunstmjittige yntelliginsje bewurke en neimakke wurde kinne. "Dan witte jo hielendal net mear wêr't jo oan ta binne."
It advys fan Bulthuis is dêrom om altyd wach te bliuwen, net te goed fan fertrouwen te wêzen en oaren yn te skeakeljen ast it net fertroust.

Leaver harkje? Dat kin ek

Dit ferhaal is as reportaazje te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries en ek as podcast beskikber op de bekende platfoarms.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.