Reüny Alvestêdetocht 1985 hellet ferhalen nei boppen: "Dit is gewoon een legendarische dag"
It kontrast kin hast net grutter tusken 21 febrewaris 2025 en dyselde dei yn 1985. Fjirtich jier lyn stapten tûzenen riders op iis foar de Alvestêdetocht, no sitte minsken sûnder jas op it terras.
"Die dag vergeet ik nooit meer", seit sportferslachjouwer Evert ten Napel, ferwizend nei de dei wêrop't de trettjinde Alvestêdetocht riden waard. Ten Napel stiet yn de seal fan it reedrydmuseum yn Hylpen. Spesjaal foar it 40-jierrich jubileum waard dêr in reüny organisearre.
Op de reüny yn it reedrydmuseum komme in soad ferhalen boppe
Ten Napel fertelt oer syn ûnderfiningen by de Tocht. Sa'n tritich gasten harkje nei de âld-sportferslachjouwer. Yn it reedrydmuseum binne de earste 25 mannen en earste seis froulju fan 1985 útnûge.
"Dit is gewoon een legendarische dag. Het was de eerste keer sinds hele lange tijd en dat maakte het zo bijzonder."
Foar it earst live
De Tocht fan '85 wie de earste yn 22 jier. De lêste wie de hel fan 1963 en dus hie in folsleine generaasje de Alvestêdetocht noch nea meimakke.
"De herinneringen hadden we nog van Reinier Paping, maar die hadden heel veel mensen eigenlijk alleen op tv gezien. Dat was toen ook nog eens met samenvattingen en in ' '85 moest de Tocht voor het eerst rechtstreeks op televisie. Dat was een monsterklus."
Yn de seal wurdt folop lake as it oer de Tocht giet. Elkenien genietet derfan om te praten oer dy oantinkens.
Benammen foar Elske Oosterwoud-van der Meer wie it in bysûndere dei. Sy wie as 23-jierrige de jongste dielnimmer fan de froulju. Sy hie de Tocht noch nea meimakke.
"By de hel fan 1963 wie ik ien jier en dus wit ik dêr neat mear fan. Mar dan komt lang om let dat momint dat je sels it iis op meie en dat sil ik nea wer ferjitte. It bliuwt my de rest fan myn libben by."
"Dy Tocht komt elke kear werom. Ik bin der nuchter yn, mar ik ha yn 1986 net riden, want ik wie siik. Yn '97 ha ik de toertocht riden en dat wie fansels fantastysk, mar de echte wedstriid is moaier. Dus '85 bliuwt my foar altyd by."
"Ontzettend spannend"
Leonie van der Hoorn kaam as earste frou oer de streek. Yn de seal praat sy mei ferskate âld-riders en belibje sy de Tocht hielendal op 'e nij.
Sy wit de Tocht noch goed werom te heljen. Sy waard de earste froulike winner fan de Alvestêdetocht dy't offisjeel opskreaun waard.
"Heel bijzonder natuurlijk. Ik was al 15 jaar aan het schaatsen en dan zit je te wachten op die tour. Dan komt die eindelijk en dat was zo ontzettend spannend."
"Je bent van tevoren niet met de winst bezig. Je wilt alle beslissingen zo goed mogelijk doen. Rijd je hard of blijf je bij een groepje. Ik heb een groot stuk alleen gereden dus dat was mooi."
It oantinken oan de Tocht sil altyd bliuwe, seit Ten Napel. Alle kearen sjocht hy op 21 febrewaris wer efkes werom op dy ferneamde dei yn 1985.
Toen ik vanochtend wegreed, keek ik nog naar de samenvatting van de Tocht. Dan zie je de doortocht door Hindelopen en dan kom je weer helemaal terug op dat moment en die dag. Dat zal altijd bij me blijven."
Letter fong Ten Napel de úteinlike winner Evert van Benthem op en dat fynt hy noch altyd ien fan de moaiste mominten.
"Dat weet ik echt nog hoe dat ging. Ik had de opdracht gekregen om de winnaar op te vangen, maar dat was een lastig klusje. Het was zo druk op de finish, maar uiteindelijk is dat gelukt."
Foar de rest bliuwt it benammen by it praten oer de Tocht. Want yn it museum libbet de Tocht, bûten op it iis bliuwt it al desennia stil. 28 jier wachtsje de minsken op it 'gekkehûs' dat noch losbarste moat.
"Ik denk dat het dan een gekte van jewelste wordt", seit Fokko Veen, dy't yn 1985 as de nûmer 11 oer de streek kaam. "Maar het blijft altijd een gezegde hè? Ooit komt die, maar wanneer.. dat weet niemand."