Omrop Fryslân

Naomi (26) hie anoreksia: in 'Rupsje Nooitgenoeg' dat hieltyd minder wol

Naomi van de Wouw
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Anoreksia is 'hardnekkig'. Dat seit bysûnder heechlearaar Klaske Glashouwer. It wurdt faak te let werkend. Naomi van de Wouw (26) kin deroer meiprate.
"Ik gaf mijn eetstoornis een naam: Rupsje Nooitgenoeg", seit Van de Wouw.
Se wennet yn Ljouwert en studearret biology. Fan har 16e jier ôf krige se anoreksia. De striid duorre 5 oant 7 jier.
Van de Wouw skreau der in boek oer: Ik wilde waaien. Yn it boek wurdt de swiere striid fan in anoreksiapasjint mei deiboekfragminten en gedichten hiel helder beskreaun.

Let opmurken

Har ferhaal is in foarbyld fan de drege striid tsjin de ytsteurnis.
Klaske Glashouwer wol mei in bysûndere learstoel oan Rijksuniversiteit Groningen ûndersykje hoe't it kin dat anoreksia faak sa let werkend wurdt. Mei in spesjaal team wol se behannelingen better tapasse kinne op gefallen fan anoreksia.
Leefde ik maar in een wereld zonder eten, dan hoefde er niet over na te denken.
Naomi van de Wouw yn 'Ik wilde waaien'
Doe't Van de Wouw 16 jier wie, besleat se ynearsten dat se sûner ite woe. Mar dat gie al gau fierder.
Hieltyd minder begûn se te iten. Har âlden makken har soargen, mar koene der net trochhinne komme by Naomi.
Naomi op de foto
© Naomi van de Wouw
Se ûntkende dat se de sykte hie. Se seach sels net dat se tinner waard, wende oan de honger en tocht dat har âlden har wer 'dik' meitsje woene.
"Leefde ik maar in een wereld zonder eten, dan hoefde er niet over na te denken", skriuwt se yn har boek oer dy tiid.
Tegearre oan it wetter
© Naomi van de Wouw
Se siet yn har eigen sirkel, de ytsteurnis hie in gruttere stim as har sûne kant.
"Rupsje Nooitgenoeg is heel dwingend."

Better snappe foar bettere behanneling

Klaske Glashouwer behannelet minsken en benammen jongeren mei in ytsteurnis. Sûnt jannewaris is se bysûnder heechlearaar.
Se wol better begripe wêrom't ytsteurnissen lykas anoreksia sa dreech binne om fan ôf te kommen.
"As we dat better snappe, dan kinne we de behannelingen ek ferbetterje."
It ûndersyk is ek bot ferbûn mei de praktyk. Se wolle behannelers dermei helpe en soargje dat der yn de maatskippij mear kennis komt oer ytsteurnissen.

Fragmint út 'Ik wilde waaien'

Lief lichaam
Ik zou je willen beschermen
me over je willen ontfermen
je de pijn willen besparen
je behoeden voor de strijd
in de komende jaren
Neffens Glashouwer is it lestich om in ytsteurnis betiid te werkennen. Der sit in gat tusken de begjin fan de sykte en it momint dat der help by komt.
Dat komt ûnder oare trochdat minsken it by harsels somtiden net werkenne, har skamje of benaud binne dat se dan wer ite moatte. Dan is it foar de omjouwing ek dreger te werkennen.
By Van de Wouw wurke dat ek wol in bytsje sa. It duorre in likernôch in jier foardat der echt alarmbellen ôfgiene. Doe siet se al fêst yn har sykte en koe har omjouwing dreech trochkringe ta har.
In tekening fan Naomi út 2017
© Naomi van de Wouw
Glashouwer jout oan dat it wichtich is om altyd yn petear te bliuwen mei in pasjint, te lústerjen en benijd te wêzen.
Als kind wilde ik alles heel goed doen en was ik vaak angstig.
Naomi van de Wouw
Anoreksia en oare ytsteurnissen komme oer de hiele wrâld foar, mar benammen yn it westen. De sosjale omjouwing en it ideaalbyld fan hoe't in liif derút sjen moat, hawwe ynfloed.
It komt benammen by jongelju foar, en dêrby wer mear by famkes en froulju.
Wat geregeld sjoen wurdt, is dat it faak minsken binne dy't kontrôle hawwe wolle en perfeksjonistysk binne. Se wolle it hiel goed dwaan. Dat wol fansels net sizze dat elkenien mei dy kenmerken anoreksia krijt.
"Selsbyld stiet sintraal, en hoe't it giet mei dyn liif. Dat is hiel wichtich oer hoe't ien tinkt oer harsels", seit Glashouwer.
Klaske Glashouwer
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Van de Wouw werkent de omskriuwing. As se weromtinkt oan hoe't se wie as jong bern, seit se: "Als kind wilde ik alles heel goed doen en was ik vaak angstig."
De iensumheid yn de tiid fan it siik-wêzen wie grut. Se hie hast gjin kontakten mear mei freonen. Boppedat koe se it der dreech mei har âlden oer hawwe, omdat se net woe dat dy harren mear soargen makken.

Rupsje Nooitgenoeg wie sterker

Lichaamlik gie se ek bot achterút. Altyd kâld, fan binnenút. Somtiden wie de dûs 40 graden, mar fielde it as in kâlde striel. De hierren foelen út en de hûd waard dof.
Van de Wouw fielde wol dat se achterút gie, mar de stim fan Rupsje Nooitgenoeg wie sterker.
In tekening fan Naomi
© Naomi van de Wouw
Se fertelt dat it wie as in diskusje tusken in ingel en in duvel. De duvel wûn meastal. "Later schaamde ik me daarvoor. Dat vind ik nog altijd moeilijk."

Podcast

Dit ferhaal is ek as podcast te hearren en yn ús radioprogramma Buro de Vries.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle.
Der binne twa behannelingen dêr't faak mei wurke wurdt by anoreksiapasjinten: de famyljeterapy en de kognitive gedrachsterapy.
By de earste wurde it gesin en de âlden belutsen. Der wurdt sjoen nei hoe't dy helpe kinne om mei de pasjint de rezjy werom te krijen.
De kognitive gedrachsterapy hâldt yn dat de behanneler yn oparbeidzjen mei de pasjint op syk giet nei hoe't de ytsteurnis wurket by dizze persoan. Mei fragen as 'Wat smyt it dy op?' en 'Wat kostet it dy?'.
Soms is it dreech en it is hurd wurkjen, mar do kinst goed opknappe.
Klaske Glashouwer
Van de Wouw hat ek ferskate behannelingen hân. De iene hie mear sukses as de oare. Se hat deibehannelingen hân en waard ek opnaam.
Benammen de lêste psycholooch dy't har behannele, holp har bot.
Se hie folle fragen en de psycholooch joech antwurd. Mar úteinlik gie it pas better doe't se sels echt better wurde woe.

In ytsteurnis is te ferslaan

Faak sjogge we of hearre we ferhalen oer benammen famkes dy't it net slagget om fan anoreksia ôf te kommen. Dat is in ferkeard byld, seit Glashouwer.
Neffens har wurdt 75 prosint fan de pasjinten wer hielendal of foar in part better.
"It is te ferslaan. Soms is it dreech en it is hurd wurkjen, mar do kinst goed opknappe."
Naomi nimt gjin blêd mear foar de mûle
© Naomi van de Wouw
Van de Wouw is ek opknapt fan har anoreksia. Se hat noch wolris drege perioaden, mar is der wis fan dat se net wer weromfalle sil.
"Er is perspectief. Dat wilde ik ook met mijn boek vertellen. Het is het echt waard om te herstellen!"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.