Omrop Fryslân

Tafersjochhâlder fraudearret mei alkoholkontrôles op It Hearrenfean

De Oude Koemarkt op It Hearrenfean
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn de gemeente Hearrenfean hat in tafersjochhâlder fraudearre mei kontrôles op alkohol. It giet om kontrôles mei in minderjierrige mystery guest yn hoarekasaken.
De tafersjochhâlder hie wol rapporten skreaun dêr't yn alle gefallen fiif oertrêdingen yn fêststeld wiene, mar dizze kontrôles ha nea plakhân. Dat meldt de gemeente Hearrenfean.
Ik viel van mijn stoel toen ik het hoorde
Boargemaster Avine Fokkens
De gemeente hat oanjefte dien tsjin it bedriuw dêr't de tafersjochhâlder foar wurke, en tinkt nei oer fierdere juridyske stappen. De tafersjochhâlder hat dien krigen.
It bedroch kaam oan it ljocht doe't hoarekaûndernimmers oan de belle lutsen. Ien fan de bedriuwen dy't fan de gemeente in warskôging krigen hie, wie ticht op de dei dêr't de tafersjochhâlder in rapport oer skreaun hie.
De gemeente hat doe in ûndersyk ynsteld dêr't út bliken die dat de rapportaazjes falsk wiene, seit boargemaster Avine Fokkens. Se is bot skrokken, en hat de belutsen ûndernimmers persoanlik benadere.

Gjin kontrôles

"Dit is buiten- maar dan ook buitengewoon kwalijk", seit Fokkens. "Ik viel van mijn stoel toen ik het hoorde. Ik dacht: het kan niet waar zijn. Maar het is wel waar."
De kommende tiid binne der gjin alkoholkontrôles by hoarekabedriuwen yn Hearrenfean. "Dat ligt nu even stil. Daar wil ik zo snel mogelijk over praten met de horecaondernemers in Heerenveen. Schijnbaar is het een systeem dat niet helemaal waterdicht werkt."
Eigen tafersjochhâlders stjoere om te kontrolearjen op alkohol, is net direkt in oplossing. "Dan hebben we meer boa's nodig, dat is ook het eerlijke verhaal."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.