Omrop Fryslân

Bewenners Nijhoarne ha soargen oer feiligens nei oanfallen op skiep, polityk kin net soad dwaan

Avine Fokkens
© Omrop Fryslân
Boargemaster Avine Fokkens fan de gemeente Hearrenfean neamt de oanfallen op skiep yn Nijhoarne "dramatisch". Neffens har binne doarpsbewenners bot skrokken en guon sels benaud.
De gemeente hat nei oanlieding fan de oanfallen in gearkomste organisearre yn it doarp. Soargen libje nammentlik breder as allinnich by de skieppehâlders.
Guon minsken doare net mear de hûn út te litten yn de bosk en bern fine it spannend om nei skoalle te fytsen, seit Fokkens.
It is net befêstige dat de oanfallen fan snein en moandei troch de wolf dien binne, mar sterke fermoedens binne der wol by de bistedokter dy't de bisten ûndersocht hat en by BIJ12, de organisaasje dy't foar provinsjes wolvesaken regelet.
Der kamen dit wykein yn totaal mear as fyftich skiep om.
In oantal fan de skiep dy't slachtoffer wurden binne
© Martin Reitsma
"Het doet me oprecht veel", seit Fokkens. "Ik vind het verschrikkelijk om het verdriet te zien bij de eigenaren, maar ook bij de omwonenden die horen hoe die beesten lijden. Die mensen zeggen: dat gaat door merg en been."

Wolf yn de boarterstún

Boppedat sjogge doarpsbewenners de wolf tichterby kommen. Dy ferhalen heart Fokkens ek. "Dat ze op het erf komen, in de speeltuin komen, het dorp in lopen. Een wolf is in principe mensenschuw, maar de vraag is of ze dat blijven als ze steeds vaker bij mensen in de buurt komen."
Dizze oanfallen binne enoarm soarchlik.
Deputearre Matthijs de Vries
De boargemaster fynt dêrom dat de wolf oanpakt wurde moat. Mar de wolf hat (noch) in strikt beskerme status, dus de provinsje kin net yngripe, op watfoar wize dan ek. "Wy witte dat wy as provinsje beheind binne", seit deputearre Matthijs de Vries.
Hy fynt de oanfallen fan snein en moandei "enoarm soarchlik", mar it iennige dat de provinsje konkreet dwaan kin is subsydzje jaan foar wolfkearende rasters.
Deputearre Matthijs de Vries
© Omrop Fryslân
"De oprop is dan ek: doch dat foaral, want der is jild foar beskikber."

Earst beskermje

De provinsje besiket mei oare provinsjes úteinlik wol yngripe te kinnen, mar dan moatte Den Haag en Europa meiwurkje wolle. De ynset is dêrom earst op de rasters. "Wy wolle eins hannelingsperspektyf krije: as in wolf binnen de wolfkearende rasters komt, kinne wy dan wól wat dwaan?"
Bliuw rêstich, hoe earnstich it ek is.
Deputearre Matthijs de Vries
De eangst fan Fokkens dat de wolf yn de takomst miskien in bern pakke sil, begrypt De Vries wol. "Dy soarch is der. It pakken fan skiep is al ferskriklik, mar in bern is fansels noch slimmer. Dat moatte wy wol foarkomme. Sadree't wy wat dwaan kinne, steane wy klear om dat wol te dwaan."
It iennige dat De Vries de skieppehâlders en bewenners fan it súdeasten fan Fryslân meijaan kin, is: "Bliuw rêstich, hoe earnstich it ek is. Meitsje gebrûk fan wat wol beskikber is", doelt er op de subsydzje foar de rasters.
By de oanfallen skiep yn Nijhoarne is DNA ôfnaam. Ferwacht wurdt dat begjin maaie dúdlik wurdt oft de wolf de dieder wie fan de oanfallen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.