Tal langstudearders op NHL Stenden nimt ta; bootcamp moat studinten op wei helpe
"Bam, bam, bam, en nog een keertje", dat galmet dizze wike troch de hal yn NHL Stenden. Fiif dagen lang is der in bootcamp, mar it boksen is in ûntspanningselemint. Langstudearders krije in wike de tiid om mei in groep lotgenoaten te wurkjen oan harren skripsje.
It boksen is om efkes de holle leech te meitsjen. "Heerlijk, het lucht aardig op", himet in studint dy't trije jier ferlyn begûn oan syn skripsje.
Studint Ilse is foar de twadde kear by de bootcamp. Sy makket in rapport en is dêr al in jier mei dwaande. Sy hat der ferlet fan om minsken te moetsjen dy't mei itselde sitte. Har klasse bestiet net mear, dus se hat net sa folle oansluting mear. "It is no dochs mei syn allen ôfstudearje yn stee fan yn dyn uppy."
Dat groepsferbân is neffens lektor Jacqueline Rietveld wichtich. Dêrom hawwe se it earste moarnsskoft bestege oan it yn 'e kunde komme mei-inoar.
"Ze kennen elkaar niet, maar ze zitten al helemaal gezellig met elkaar te praten. Je krijgt een soort klasje terug", leit se út.
De klasse bestiet út sa'n 25 studinten. Dêrmei is de klasse eins al hiel fol. Dat wylst der foarich jier by de NHL 2.000 langstudearders wienen, 500 mear as yn 2023.
Lui?
It byld dat neffens Rietveld hearsket is dat studinten dy't net op tiid harren stúdzje ôfmeitsje 'lui' binne, mar dat kloppet net. "Deze studenten schrijven zich jaar na jaar in dus ze willen heus wel, maar weten niet goed hoe."
Neffens har is oan motivaasje gjin gebrek. "Enige waarbij we ze moeten helpen is dat ze doorzetten."
De bootcamp duorret fan moandei oant en mei freed. De grutste reden foar studint Ilse om dêr alle dagen by oanwêzich te wêzen is dat se fuort fragen stelle kin. Oan ien fan de acht begelieders fan de bootcamp, mar ek oan de leararen fan har oplieding. Dy dosinten stean altyd stand-by yn in bootcamp-wike.
It stribjen is net om foar freed de skripsje klear te hawwen, mar dat se der wer goed ynsitte en fierder kinne. Dernei kinne se elke freed weromkomme mei fragen.
It is de bedoeling dat de bootcamp meardere kearen yn it jier oanbean wurdt.