Omrop Fryslân

Rekonstruksje âldjiersnacht: nei mear as in oere grypte de ME yn yn Marrum

ME yn Marrum
© CAMJO Media
Neidat de boargemaster akkoart jûn hie op de ynset fan de Mobiele Eenheid yn Marrum, duorre it langer as in oere foardat de ME oarder op saken stelle koe. Dat docht bliken út in tiidline fan de gemeente Noardeast-Fryslân.
Yn de nacht fan 31 desimber 2024 op 1 jannewaris 2025 rûn de jierwiksel yn Marrum út op ûngeregeldheden.
Twa befeiligers dy't de gemeente ynhierd hie, koene net foarkomme dat de sitewaasje út de hân rûn. Der wie ek kameratafersjoch. De kamera's waarden de hiele nacht útlêzen troch in bûtengewoan opspoaringsamtner.
Marrum fertsjinnet dit net.
Johannes Kramer
Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân jout yn in brief oan de gemeenteried útlis oer wat der bard is en oer de ynset fan de Mobiele Eenheid (ME) yn it doarp.
"Ik begryp hiel goed de teloarstelling en ûntsetting by doarpsbelang Marrum. Wat der bard is, is spitich. Marrum fertsjinnet dit net", skriuwt Kramer.
Aksje fan de ME yn Marrum
"It is benammen tige spitich foar de minsken dy't har sa ynset hawwe by de organisaasje fan it karbidsjitten en it âld-en-nij-feest. Dit wurdt oerskaad troch wat der bard is op in folslein oar plak yn it doarp. It is hiel spitich en neffens my net terjochte as it hiele doarp hjirop oansjoen wurdt."
In lytse groep minsken mei bivakmûtsen stuts in caravan yn'e brân op in plak dy't al jierren bekend stiet as risikogebiet. De groep smiet swier fjoerwurk nei de plysje, en der wie gjin mooglikheid foar in petear.
Sjoen de situaasje waard de boargemaster tastimming frege om op te skalen. Kramer fûn dat yn it belang fan de feiligens fan sawol de helptsjinsten as de omwenners.
Hjirûnder de tiidline dy't de gemeente opsteld hat:

Tiidline

00.05 Befeiligers melde dat se mear ôfstân hâlde moatte om't se bekûgele wurde mei swier fjoerwurk troch jongeren mei gesichtsbedekkende klean.
00.12 Befeiligers melde dat der minsken mei jerrycans yn de buert binne.
00.16 Kamera's toane fjoerwurk, spesifyk fjoerpylken, rjochte op it eardere Sineeske restaurant.
00.18 In grutte groep minsken komt by mekoar op it krúspunt en der wurdt brân stichte.
00.26 In brân is sichtber op de kamera's.
00.29 Befeiligers en de bûtengewoan opspoaringsamtner sjogge in wein mei in caravan fol rommel nei de brân riden, wêrnei't de caravan yn'e brân stutsen wurdt.
00.29 De gemeente bellet de plysje om melding te meitsjen fan de brânende caravan.
00.47 De plysje arrivearret op it plak fan it ûngelok.
00.49 De plysje wurdt útdoeele en bekûgele mei swier fjoerwurk.
01.00 De groep op de hoeke wurdt grutter.
01.01 Boargemaster Kramer jout akkoart op de ynset fan de ME (mobile ienheid) fanwege de grutte brân mei gefaar foar omlizzende gebouwen en de ûnfeilige situaasje foar de plysje en helpferlieners.
01.14 Plysje en brânwacht wachtsje op feilige ôfstân op de komst fan de ME.
01.23 Kamera's toane dat der geregeld swier fjoerwurk op it fjoer smiten wurdt, wat soarget foar in soad fleanfjoer.
01.28 In sjauffeur fan gemeentewurk wurdt fersocht mei in kraanwein nei Marrum te kommen foar it opromjen fan de troep.
02.07 De sjauffeur fan de kraanwein komt oan yn Marrum.
02.09 De ME soarget derfoar dat minsken fuortgean fan de krusing sadat de brânwacht en gemeente feilich wurkje kinne. Fjouwer minsken wurde oanhâlden troch de arrestaasje-ienheid fan de plysje.
02.15 De brânwacht blust de brân, en de sjauffeur fan gemeentewurk rommet de troep op ûnder tafersjoch fan de ME.
02.34 De brânwacht en kraanwein gean fuort.
03.50 De kamera's toane dat de rêst definityf werom is op de krusing en de gemeente skaalt ôf.
Boargemaster Kramer wol mei doarpsbelang Marrum yn petear oer in folgjende âld-en-nijfiering, sûnder ynsidinten.
"Wy fasilitearje doarpen en wiken sa goed as mooglik by it organisearjen fan de jierwiksel-aktiviteiten. It sukses fan dizze oanpak hinget bot ôf fan de bewenners fan de doarpen sels."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.