Loads fierhinne ferlern gien by tige grutte brân by meganisaasjebedriuw yn Ie
In brân hat in loads fan in meganisaasjebedriuw oan de Tibsterwei yn Ie tongersdeitejûn foar in grut part yn de jiske lein. De brânwacht skaalde op nei GRIP-1.
De brân ûntstie om 18.00 oere hinne yn it dashboard fan in trekker. In besykjen om it fjoer gau út te krijen, slagge net. De brân ûntwikkele him hiel fluch.
Neffens in korrespondint wienen der yn earste ynstânsje in pear persoanen dy't wegeren it gebou te ferlitten, mar úteinlik binne se allegear dochs feilich út it pân kaam. Twa persoanen hawwe reek ynazeme en waarden kontrolearre troch minsken fan de ambulânse. Sy hoegden net nei it sikehûs.
Bylden fan de brân yn Ie
De brân wie al gau útslaand en der kaam in soad reek frij. Yn in NL-Alert waarden minsken oproppen om út de reek te bliuwen. Der waard al gau opskaald nei 'tige grutte brân' en letter sels nei 'GRIP-1', wêrmei't regele waard dat de ferskate helptsjinsten makliker mei elkoar kommunisearje koenen.
Eksploazjegefaar
Yn de loads wie in flesse mei acetyleen. De brânwacht warskôge dat dy flesse eksplodearje koe. Minsken moasten op syn minst 300 meter ôfstân hâlde fan it plak fan de brân. De flesse waard kuolle mei in 'straatwaterkanon'. Dat is in helpmiddel dat de brânwacht ynset om in soad wetter oer in relatyf grutte ôfstân te spuitsjen.
Letter waard besocht de acetyleenflesse mei in kraan fuort te heljen en nei in feilich plak te bringen.
Fierder stienen der meardere trekkers yn de loads.
Op in bepaald stuit wie dúdlik dat it grutste part fan de loads net mear te rêden wie. De brânwacht hat doe in saneamde 'stoplijn' makke, sadat de rest fan it gebou oerein bliuwe soe. Fierder sette de brânwacht yn op it behâlden fan it njonkenlizzende hûs.
Meardere ienheden út de omjouwing waarden ynset om it fjoer te bestriden. Om derfoar te soargjen dat de brânwacht ek nei oare ynsidinten yn de omjouwing koe, waard de kazerne fan Ternaard tydlik beset troch in ienheid út Hallum.
Om 21.45 oere hinne waard fia in NL-Alert meld dat de brân ûnder kontrôle wie.
Sinnepanielen
Op it dak fan de loads leinen sinnepanielen. Dieltsjes fan dy panielen binne ferspraat yn de omjouwing delkaam.