Liveblog | 12 desimber 2024

Dieltsjes fan sinnepanielen yn omjouwing delkaam nei brân yn Ie

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 12 desimber 2024, 22:07
22:07

Dieltsjes fan sinnepanielen yn omjouwing delkaam nei brân yn Ie

Op it dak fan de loads yn Ie leinen sinnepanielen. Dieltsjes fan dy panielen binne ferspraat yn de omjouwing delkaam.
Neffens de brânwacht giet it om in frij grutte loads. Troch de 'stoplijn' is de helte fan de loads reedlik yntakt bleaun. De rest, en alle masines dy't deryn stienen, binne ferlern gien.
21:48

Brân ûnder kontrôle

Fia in NL-Alert wurdt meld dat de brân yn Ie yntusken ûnder kontrôle is. "Als u geen last meer heeft van de rook, kunt u ramen en deuren weer openen en ventilatie aanzetten", stiet der fierder yn it berjocht.
21:31

Acetyleenflesse noch hieltyd in gefaar

De flesse mei acetyleen foarmet noch hieltyd in gefaar, meldt de Veiligheidsregio Fryslân.
Der sil besocht wurde om de flesse mei in kraan fuort te heljen en nei in feilich plak te bringen.
21:15

Twa minsken hawwe reek ynazeme

20:44

Brân ûntstien yn dashboard fan in trekker

De loads kin as ferlern beskôge wurde
© NoorderNieuws
De brân yn Ie is ûntstien yn it dashboard fan in trekker, meldt de Veiligheidsregio Fryslân. De brân ûntwikkele him hiel rap.
Neffens in korrespondint wienen der yn earste ynstânsje in pear persoanen dy't wegeren it gebou te ferlitten, mar úteinlik binne se allegear dochs feilich út it pân kaam. Der soe gjinien ferwûne rekke wêze.
De loads kin as ferlern beskôge wurde.
19:58

Brânwacht set yn op behâld hûs

De brânwacht besiket om it wenhûs njonken de loads te behâlden. Yn de loads wurdt in saneamde 'stoplijn' makke, sadat it fjoer net fierder kin.
De acetyleenflesse yn it gebou wurdt kuolle mei in 'straatwaterkanon'. Dat is in helpmiddel dat de brânwacht ynset om in soad wetter oer in relatyf grutte ôfstân te spuitsjen.