Undersyk nei Fryslân Marketing

In saneamde "vereffenaar" moat by Fryslân Marketing de finansjele problemen ûndersykje. In accountant moat sjen hoe't it toeristysk buro tsjin it tekoart fan twa ton oanrinne koe. Dat gat is ûntstean omt it Fryslân Marketing fan it Samenwerkingsverband Noord Nederland gjin subsydzje krige foar de kampanje 'Fryslân, toeristyske topattraksje'.
Dy krige it buro net omt it net slagge is genoch jild op te heljen út it Fryske bedriuwslibben. Dat wie in eask foar de subsydzje.
De provinsjale polityk makket him grutte soargen oer de problemen by Fryslân Marketing, dat net allinnich finansjeel mar ek bestjoerlik yn swier waar sit.