Yn Fryslân is de nûmerflinter it meast teld, mar mei de flinterstân giet it min
De nûmerflinter en de deipau-each binne de meast telde flinters yn Fryslân. It brune sâneachje is it minst sjoen. Dat docht bliken út de túflintertelling fan dit jier. Dy rint noch, mar de konklúzje is al te lûken.
De telling is fan grut belang, seit Siep Sinnema fan de flinterwurkgroep Fryslân. It jout in goed byld fan hoe't de natuer der foar stiet.
"Der komme hieltyd minder. Dat jout oan dat it oer it algemien net goed giet."
As Sinnema in slach makket troch syn tún, sjocht er se oeral. Dat is net frjemd, want hy hat der alles oan dien om der in flinterparadys fan te meitsjen.
"Ik ha in flinterstrûk, floksen, keninginnekrûd. As je de goede planten hawwe, dan komme se wol."
Argusflinter is fuort
Mar nettsjinsteande Sinnema syn ynset giet it hiel min mei de flinters, krekt as mei oare ynsekten. "Der is noch mar 20 prosint oer fan wat der 25 jier lyn wie", seit Sinnema.
"Dat jildt spitigernôch ek foar de flinters. Der binne ek net allinnich minder flinters yn totaal, mar ek minder soarten: sa sjogge je de argusflinter al net mear yn Fryslân."
De nûmerflinter meast teld yn Fryslân, mar oer it gehiel giet it net goed mei de flinterstân
Dêr binne ferskate oarsaken foar. Sa ferdrûchje natuergebieten en wurdt op in soad boerelân yntinsyf buorke. "Dat is foar flinters net nijsgjirrich. Dat is grien."
Net allinnich mar min nijs
De foarsitter fan Vlinderwerkgroep Friesland sjocht ek positive ûntwikkelings. Sa wurde hieltyd mear berms ynsiedde mei in krûderyk mingsel. Ek mei it meanen wurdt dêr rekken mei hâlden.
"Dat helpt seker. Flinters kinne teplak yn de bermen en de tunen fan minsken yn de doarpen. Dat binne moaie oazes."
Minsken dy't meidwaan wolle oan de túnflintertelling, moatte wol rekken hâlde mei it waar. Moarns betiid, as it kâld is en de sinne net skynt, dan fleane se net.
"Se binne kâldbloedich. Se ha de waarmte fan de sinne nedich om yn beweging te kommen."
Meitelle is net dreech, seit Sinnema: "In pear kear deis telle je in kertier lang alle soarten en oantallen flinters dy't je sjogge. Dat maksimum jouwe je troch op tuintelling.nl en dan wurde se meinaam."
De túnflintertelling rint noch oant en mei hjoed.
Meidwaan oan de flintertelling? Sa dochst dat:
- Kuierje 15 minuten troch de tún en skriuw alle flinters op dy'tsto sjochst.
- Jou fan eltse flintersoart it heechste oantal op datsto tagelyk sjoen hast.
- Kies in momint mei sinneskyn: tusken 09.00-17.00 oere kinst it bêste telle.
- Op dizze kaart binne de soarten te finen dy't it meast foarkomme.
- Komst der noch net út? Meitsje in foto en skeakelje de de app Obsidentify yn.
- Sjochst net ien flinter? Jou dat troch, want dat is ek wichtige ynformaasje.
- Kinst der gjin genôch fan krije? Do meist sa faak telle ast wolst.
- Mear flinters yn de tún krije? Sjoch dizze fideo foar tips.