Omrop Fryslân

Loftmacht graaft gat fan 100 meter yn Fryske seedyk foar berging âld fleantúch

Dykgraaf Luzette Kroon, boargemaster Johannes Kramer en oannimmer Arjan Leemans fan it bedriuw dat it graafwurk útfiert
© Wetterskip Fryslân
De loftmacht lit tusken Holwert en Ternaard in stik seedyk fan 100 meter fuortgrave om de berging mooglik te meitsjen fan in fleantúch dat delstoarte yn de Twadde Wrâldoarloch.
Wetterskip Fryslân seit dat it om in komplekse operaasje giet, omdat de feilichheid fan de dyk net yn gefaar komme mei.

Acht meter djip

Yn it part fan de dyk dêr't it fleantúch leit, komt in boukúp fan acht meter djip. In tydlike wetterkearing fan daamwandprofilen moat it seewetter tsjinhâlde.
Dizze tydlike kearing moat oan deselde easken foldwaan as de seedyk, en dus ek berekkene wêze op in stoarm dy't ienris yn de tûzen jier foarkomt. De berging fan it fleantúch moat klear wêze foar de start fan it stoarmseizoen, op 1 oktober 2024. Dat meldt Wetterskip Fryslân.
It fleantúch yn de seedyk is in Ingelske Vickers Wellington HE346. De bommewerper waard op 26 juny 1943 troch de Dútsers út de loft sketten. Nei alle gedachten binne de stoflike resten fan fiif bemanningsleden noch oan board.
Neibesteanden fan de ynsitters binne yn byld by de stichting Missing Airmen Memorial Foundation. Letter sil der in betinking holden wurde.

Piloat noch oan board

De Wellington is net it iennichste tastel dat opgroeven wurdt yn Noardeast-Fryslân. It oare tastel is in Dútske Messerschmitt Bf 109 fan de Jagdgeschwarder 1.
It Dútske tastel leit yn it Noarderleech by Hallum. It tastel ferûngelokke op 16 july 1943 by in oefening. De piloat is noch oan board.

15 miljoen euro

De berging fan beide tastellen makket diel út fan it Nationaal Programma berging fleantúchwrakken, dat yn 2019 úteinsette. De Ryksoerheid wol oant 2030 yn gearwurking mei gemeenten stoflike omskotten fan piloaten út de Twadde Wrâldoarloch bergje, en hat dêr 15 miljoen euro foar útlutsen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.