Klokken Aldehou binne werom, mar se wurkje noch net optimaal
Hast twa moannen hat de grutste klok fan Fryslân stil west. Mar freed wie it safier: doe waarden de twa klokken yn de toer fan de Aldehou werompleatst nei in yngreven restauraasje.
Presys om 10.45 oere mochten de kloklieders yn de touwen klimme om de klokken wer liede te litten. Foar harren en de restaurateurs wie it in spannend momint.
Grutte klok Aldehou net te hearren by iepening
Earst waard de lytse klok test. "Fantastysk, dit giet hartstikke goed", seit restaurateur Sjoerd Venema entûsjast.
Dan is de grutte klok fan sa'n 6.000 kilo oan bar, dat giet net goed. "De grutte klok stiet no krekt in heale sintimeter te leech op de lager." Gau waard de test ôfbrutsen om skea foar te kommen.
De klok moat no in stikje omheech pleatst wurde, en dat is net in putsje dat yn in pear oeren klear is. De mannen fan it restauraasjebedriuw moatte hjir soarchfâldich mei oan de slach, al hoecht de klok der net mear út helle wurde.
Dat wie de ôfrûne tiid wol oars. De twa klokken yn de toer moasten nammentlik in bettere ophinging ha en in nije bongel. Dat wie in hiel projekt mei de klokken fan tûzenen kilo's swier.