As de wâl it skip keart: wat is de takomst fan it ferfier nei It Amelân?
It wurdt hieltyd dreger om nei It Amelân ta te farren. De fargeul nei it eilân is ien fan de meast baggere geulen fan Nederlân. Ofrûne simmer kearde de wâl letterlik it skip. Hoe sjocht de takomst fan it ferfier nei it Amelân derút?
Rykswettersteat is ferantwurdlik foar de fargeul, rederij Wagenborg foar de tsjinstregeling en de oertocht. Beide sykje se in oplossing foar de lange termyn. Mar in oplossing is net gau fûn, want de belangen rinne bot út elkoar.
Offisjeel giet op it Waad de natoer altyd foar, omdat it in Natura 2000-gebiet is en boppedat UNESCO Wrâlderfgoed. Mar de ferwachting is ek dat it tal minsken dat nei it eilân komme wol, oprinne sil oant in miljoen op jierbasis.
Is dat hâldber mei it hjoeddeistige ferfier?
Sjoch hjir nei de dokumintêre oer it ferfier nei It Amelân:
It probleem is dúdlik: de fargeul sliket ticht en moat fiif oant seis dagen de wike baggere wurde.
"Op dit moment varen er vier schepen die baggeren", fertelt Martijn Strijker, de projektlieder fan it baggerjen. "Onder andere twee sleephopperzuigers. Die kunnen in weinig tijd heel veel kubieke meter verzetten. En die verspreiden we dan weer op de daarvoor aangewezen plekken."
Dan is der noch in kraanskip, dat derfoar soargje moat dat de hoekjes baggere wurde dêr't de sleephopperzuiger net komme kin. In oare boat hellet de spoaren der wer út en hâldt de feardammen op djipte.
De situaasje is hâldber foar no, mar net klear foar de takomst, want djipper baggerje is gjin opsje.
De FryslânDOK 'It Amelân, de wâl en it skip' is op sneon 18 maaie om 15.30 oere te sjen op NPO 2 en op snein 19 maaie by Omrop Fryslân. Fan 17.00 oere ôf wurdt de dokumintêre alle oeren útstjoerd.
In opsje soe wêze kinne om de feardaam fan Holwert te ferhúzjen nei Ferwert. Dêr leit in natuerlike geul dy't hiel stabyl is mei in behoarlike djipte. It baggerjen soe dan minimalisearre wurde kinne.
Mar waacht it minder baggerjen op tsjin de kosten fan de nije dam en ynfrastruktuer dy't oanlein wurde moatte?
En in ferhuzing nei Ferwert ta soe wer skealik wêze foar kwetsbere natoer. Moatte je soks wolle yn it dochs al kwetsbere Waadgebiet?
Duorsumer transport
De Waddenvereniging sjocht leaver dat de oertocht út Holwert wei bestean bliuwt. Sy wolle benammen ynsette op it ferduorsumjen fan transport en it autolij meitsjen fan it eilân.
Fan it simmer wurdt yn Den Haag in beslút naam oer de takomst fan it ferfier nei it eilân.