Petysje tsjin ôfsjitten wylde katten oerlange oan provinsje yn oanrin nei rjochtsaak
Sa'n 250 katten wurde alle jierren ôfsketten yn Fryslân. Dat it ôfsjitten noch hieltyd mei, noasket ferskate biste-organisaasjes net. Dêrom is in petysje oanbean oan de provinsje.
Dier&Recht hat twa jier lyn ek oan de provinsje Fryslân frege om op te hâlden mei it ôfsjitten fan wylde katten, mar dat fersyk is doe ôfwiisd.
Woansdei wiene se wer werom mei in petysje dy't hast 37.000 kear ûndertekene is.
Fryslân is de iennichste provinsje dêr't it ôfsjitten fan katten noch mei. Yn 2022 binne der mear as 250 katten ôfsketten. Sifers fan 2023 binne der noch net.
Wylde katten meie yn Fryslân noch ôfsketten wurde, mar dêr is net eltsenien it mei iens
Dat it talitten wurdt, is benammen om greidefûgels te beskermjen. De populaasje wylde katten groeit en de greidefûgels hawwe it dreech.
"De weidevogels staan ontzettend onder druk, maar daar moet je de kat niet de schuld van geven", seit Kelly Kessen fan Dier&Recht. "De reden daarvan is de intensieve landbouw. Er is veel gif gebruikt, dat zit in de grond."
Die katten hebben ook recht op leven.
De grutte populaasje wylde katten oanpakke kin neffens de biste-organisaasjes wol, mar ôfsjitte is net de opsje.
"Die katten hebben ook recht op leven. Wij hebben ervoor gezorgd dat die katten er zijn."
In metoade dy't faak brûkt wurdt, is de TNRC-metoade. De ôfkoarting stiet foar Trap, Neuter, Return/Relocate en Care.
By de TNRC-metoade wurde wylde katten fongen, kastrearre, ûntwjirme, ûntflieë, tsjipt en weromset yn 'e natuer. Net by greidefûgels yn 'e buert, mar in ideaal lak is bygelyks op in boerehiem dêr't se brûkt wurde kinne as mûzefanger.
Op Skiermûntseach wurdt dizze metoade brûkt en neffens Carien Radstake fan Stichting Zwerfkatten Nederland wurket dat hiel goed.
De katten dy't fongen wurde, gean nei de fêste wâl en de wylde populaasje op it eilân is al bot ôfnaam.
It wurket op Skiermûntseach
"Het gaat heel goed op Schiermonnikoog. We hebben er nu ruim zestig gedaan", fertelt Radstake.
"We merken dat we nu ook vrij veel jongere katten wegvangen en er is nog maar af en toe een volwassen exemplaar. Dus het gaat echt goed. Het project loopt op z'n einde daar."
Dêrom giet se ek nei It Amelân. Dêr wolle se inselde projekt opsette. "Omdat daar ook juist de vraag vandaan kwam of er iets aan de zwerfkattenproblematiek kon worden gedaan."
It deasjitten fan de katten bart noch faak op it eilân, mar de populaasje is noch altyd hiel grut.
Rjochtsaak
De petysje is oerlange in dei foardat in rjochtsaak fan de stichting Dier&Recht tsjin de provinsje Fryslân tsjinnet.
"De petitie is erop gericht dat het maatschappelijk echt niet meer geaccepteerd wordt", seit Kelly Kessen út namme fan de organisaasje.
De rjochtsaak tsjin de provinsje Fryslan oer it ofsjitten fan wylde katten tsjinnet tongersdei.