Jierrenlange syktocht nei wize om roeken te ferjeien einiget yn de boumerk: "Supersimpel"

In roek yn de beam yn de Gaykingastraat yn Ten Boer
In roek yn de beam yn de Gaykingastraat yn Ten Boer © RTV Noord
Op ferskate plakken yn Fryslân soarget de roek elk jier wer foar oerlêst. Der is ek al in soad besocht om de tûke fûgel te ferjeien, op It Hearrenfean besochten se it sels alris mei in tromboane. In Fryske ekologe liket no de oplossing fûn te hawwen.
De Gaykingastraat yn it Grinslanner Ten Boer is de ûndersykslokaasje fan ekologe Nynke Osinga út De Pomp. Heech yn de beam sitte noch mar trije roekenêsten. De rest fan de koloanje is ferdwûn, skriuwt RTV Noord.
"Dizze trije pearkes binne wol echt hiel motivearre om hjir te bliuwen, we besykje no oft we dizze ek ferhúzje litte kinne. We hoopje dat se 'eieren voor hun geld kiezen' en oanslute by de rest fan de koloanje."
Jierrenlange syktocht nei wize om roeken te ferjeien einiget yn de boumerk
Hoe oars wie it byld yn de strjitte in jier lyn. Tsientallen nêsten en hûnderten fûgels soargen foar oerlêst yn 'e buert. Buertbewenners rûnen somtiden leaver in blokje om en doarden harren wask net mear bûten te hingjen.
"Alles was wit van de poep", fertelt ynwenster Regina van der Zee. Om noch mar net te sprekken oer it leven. "Van 's ochtends vroeg tot 's avonds laat maakten ze lawaai. Het was echt heel erg."

Al fan alles besocht

Yn Hearrenfean-Noard kinne se der oer meiprate. Dêr besochten se it ek al mei laserpinnen of it klappen mei it deksel fan de kliko. Sels de tromboane holp net. "Dan werd ik vreselijk uitgelachen. Ze gingen wel even weg, maar ze kwamen ook weer terug", sei bewenster Heleen Kamphuis ferline jier.
Har buorlju binne úteinlik sels ferhuze troch de oerlêst fan de fûgels.
roeken
Mei in tromboane roeken ferjeie helpt mar even © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Mar ekologe Nynke Osinga hat mei har kollega's no de oplossing fûn: in trachter. "Hy komt gewoan út de boumerk", seit Osinga entûsjast. Se kocht der 150 en ferdielde dy oer de 50 beammen fan de koloanje yn Ten Boer.
De boumerktrachter wurdt mei in heechwurker op de plakken yn de beam befêstige dêr't de roek nestelje wol. "Mar trochdat dy trachter der sit, bliuwe de tûken fan nestkes net goed lizze", leit Osinga út.
Ekologe Nynke Osinga mei de trachter fan de boumerk
Ekologe Nynke Osinga mei de trachter fan de boumerk © RTV Noord, Tristan Braakman
"It binne tige tûke fûgels, mei in eigen kultuer en bouwize en dêr hâlde se sterk oan fêst. De truc is om te begripen hoe't de roek tinkt, dêryn mei te gean en in alternatyf te bieden", fertelt de ekolooch.
De koloanje is dit jier ferhuze en hat de nêsten bûten Ten Boer boud. "Dat is in moai plak yn de greiden. Dêr kin de roek alle enerzjy rjochtsje op it bouwen fan de nêsten en de jongen. En de bewenners hawwe gjin oerlêst mear."
Foar Fryslân kin dit ek in goeie oplossing wurde, tinkt Osinga: "Yn prinsipe kinst dit oeral brûke, salang as je mar soargje dat der in alternatyf is dêr't de roek hinne kin, want it is in beskerme fûgel."