Liveblog | 4 april

112-nijs 4 april: Mêst sylboat brêkt ôf | Selstraf easke tsjin fertochten ôffaldumpingen A7

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 4 april, 18:48
18:48

Mêst sylboat brekt ôf op Iselmar

mêst ôfbrutsen Iselmar
De mêst fan de sylboat is ôfbrutsen © CAMJO media
By in syljacht op de Iselmar by Starum is de mêst ôfbrutsen. Dêrby binne twa ferwûnen fallen. Ien persoan is mei in rêdingshelikopter nei it sikehûs yn Alkmaar brocht.
De boat is troch de KNRM nei de haven fan Starum brocht. Nei alle gedachten is de mêst troch in wynpûster knakt en yn it wetter fallen.
16:50

IM easket finzenisstraffen tsjin fertochten ôffaldumpingen by Fryske Peallen

boereaksje
Rommel op 'e dyk by Fryske Peallen © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It Iepenbier Ministearje hat ferskate straffen easke tsjin fertochten fan sneldykblokkaden en ôffaldumpings op de A7 by Fryske Peallen op 28 july 2022 en de oprit fan de A7 by Marum op 1 augustus 2022.
Yn totaal stienen der tongersdei seis fertochten terjochte. Under harren trije Friezen: in 32-jierrige man út Stynsgea, in 21-jierrige man út De Pein en in 22-jierrige man fan De Gordyk.
De man út De Pein wie by beide ynsidinten belutsen, syn trekker waard by de aksjes brûkt. De offisier fan justysje fynt in jeugddetinsje fan fjouwer moannen, wêrfan in part ûnder betingst en in wurkstraf fan 160 oeren passend.
De man út Stysngea soe in aktive rol hân hawwe by it ynsidint yn Fryske Peallen. Tsjin him easke it IM fjouwer moannen finzenisstraf wêrfan 105 dagen ûnder betingst. Ek waard in taakstraf fan 140 oeren tsjin him easke.
De Gordykster wie allinnich belutsen by it ynsidint yn Marum. Tsjin him waard 107 dagen jeugddetinsje easke, gelyk oan it foararrest. Ek easket it IM in wurkstraf ûnder betingst fan 40 oeren.
13:43

Man (43) hannelet wat te hurdhandich tsjin ferkeardparkearder

In 43-jierrige man fan Tsjom is feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren fanwegen mishanneling. De man seach dat ien by de Jumbo yn Harns syn auto ûnterjochte op in ynfalideparkearplak delset hie.
De fertochte woe de autobestjoerder konfrontearje mei syn asosjale gedrach. It idee wie goed, mar oer de útfiering wie de rjochter wat minder te sprekken. Neffens de rjochter hie it better west as de Tsjommer it by in reprimande en in foto foar de plysje holden hie.
Mar de fertochte pakte de autobestjoerder fêst en luts him út de auto. Dêrnei ûntstie der in wrakseling.
De advokaat fan de fertochte fûn it net terjochte dat de tsjinpartij net foar hoegde te kommen. Hy fûn in straf ûnder betingst genôch foar syn kliïnt.
Dêr gie de rjochter dus net yn mei. Hy lei deselde straf op as de eask fan de offisier fan justysje: 40 oeren wurkstraf en in selstraf fan twa wiken ûnder betingst.
10:02

Persoan ferwûne nei ûngelok op N355

De auto yn de berm fan de N355
De auto yn de berm fan de N355 © Kappers Media
Op de N355 tusken Ryptsjerk en Hurdegaryp is fan 'e moarn in auto fan de dyk rekke. Dêrby rekke ien persoan ferwûne. It slachtoffer is behannele yn in ambulânse.
De brânwacht hat de brokstikken opromme. De rjochter rydbaan wie ôfsletten fanwegen de helpferliening.
09:46

Brêgedielen Tsjerk Hiddesslûzen werompleatst

De Tsjerk Hiddesslûzen
De Tsjerk Hiddesslûzen © CAMJO media
De renovearre brêgedielen fan de Tjerk Hiddesslûzen yn Harns binne wer werompleatst. De brêgen waarden yn desimber ferline jier fuorthelle.
De âlde ringmuorre is op dit stuit ôfsletten foar auto's. Fytsers en fuotgongers kinne fia in tydlike brêge oerstekke.
De brêgen wurde de kommende dagen test. Fan moandei ôf kin der wer ferkear oerhinne.
08:19

Bushokje oan diggels yn Ljouwerter sintrum

De auto by it bushokje
De auto by it bushokje © AS Media
Oan de Hoeksterpoort yn Ljouwert hat in autobestjoerder in bushokje oan diggels riden. Dêrby is de bestjoerder ferwûne rekke. De persoan is oerbrocht nei it sikehûs.
Neffens in korrespondint is de bestjoerder nei alle gedachten op de rotonde de macht oer it stjoer ferlern. Hy fleach dêrnei oer de boskjes, botste tsjin it bushokje en kaam dêrnei ta stilstân.