Musical De Tocht is nominearre foar bêste musical fan Nederlân

De Tocht: stimme foar de musical awards
De Tocht © Lucas Kemper
Musical De Tocht is nominearre foar de belangrykste musicalpriis: bêste musical fan Nederlân. Se steane op de shortlist mei noch twa oare musicals. Dat is woansdei oan de ein fan de middei bekend wurden nei ôfrin fan de middeisfoarstelling.
It is in flinke opstekker foar de Fryske inisjatyfnimmers, dy't earder hjoed bekend makken dat de musical oan de ein fan it seizoen ophâldt. "Dit is pikefel", sa seit Foppe van der Veen dy't ien fan de lûkers fan dit megaprojekt is. "Fan de besikers komt 70 prosint fan bûten Fryslân wei, dus dat jout oan dat it hiele lân ús omearmet."
Foppe van der Veen oer nominaasje priis
De lêste wiken koene minsken stimme op de musical dy't se de bêste fine en de trije musicals mei de measte stimmen binne no nominearre. De oare twa wurde woansdeitejûn bekend makke.
By it Musical Award Gala op 24 april wurdt de winner bepaald. It gala wurdt live útstjoerd op de NPO. "It publyk kin by dizze útstjoering stimme fia televoting en de musical mei de measte stimmen wint", sa leit Van der Veen út. "In pear jier lyn seach ik de awards en doe tocht ik: wat soe it moai wêze at wy hjir dan ek tusken sitte en no is it sa."
Neist de belangrykste musicalpriis is De Tocht ek nominearre yn twa oare kategoryen: dy fan 'Beste Nederlandse Oorspronkelijke musical' en 'Beste Decor'. "Us iisflier is unyk en de projeksjes ek. En de Alvestêdetocht is fansels in moai oarspronklik ferhaal", seit Van der Veen. Yn dy twa katgoryen bepaalt in faksjuery hokker musical mei de winst nei hús ta giet.

300.000 besikers

"Foar ús fiele dizze nominaasjes al as in oerwinning." Earder woansdei makke de organisaasje bekend dat der net in nij seizoen komt foar dizze musical mei in iepen ein. De kaartferkeap is te grillich, wêrtroch't it te riskant is. Oant no ta binne der goed 200.000 kaarten ferkocht en se hoopje oant july op 300.000 besikers út te kommen.
Op de fraach oft der nei de nominaasjes foar de awards miskien dochs noch in kâns is dat se trochgeane, is Van der Veen stellich. "It beslút is nommen. De kâns hjirop is like grut as de komst fan in échte Alvestêdetocht."