Sit der ek PFOS yn de grûn lâns de Jelsumer Feart? Ljouwert docht ûndersyk

Boaiemûndersyk Jelsumerfeart
Boeiemûndersyk by de Jelsumer Feart © Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wol witte oft de grûn yn de buert fan de Jelsumer Feart fersmoarge is mei PFOS. Dêrom wurdt der in boaiemûndersyk útfierd. Yn it wetter binne earder hege konsintraasjes PFOS fûn, dy't mooglik troch it hekkeljen ek op de wâl telâne kaam is.
"Der wie earst gjin oanlieding foar, dus de Jelsumer Feart hat ús op dit spoar set", seit wethâlder Evert Stellingwerf.
Yn it wetter fan de Lytse Feart binne ek hege konsintraasjes PFOS fûn. Dêrom wol de gemeente mear dúdlikheid oer de omlizzende grûn. De begroeiïng út de feart hat in skoft op de kant lein en soe dêrtroch PFOS oan de grûn trochjûn hawwe kind.
Boaiemûndersyk by de Jelsumer Feart
Stellingwerf: "We rjochtsje ús earst op de plakken wêrfan't we witte dat der materiaal lein hat of dat it plak brûkt wurdt foar saken dy't in link hawwe mei it wetter, tink dan bygelyks oan de grientetunen dy't hjir yn de omjouwing op in pear plakken binne."
Boaiemûndersyk Jelsumerfeart
Boaiemûndersyk by de Jelsumer Feart © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Mei in hânboar wurdt der in gat yn de grûn makke lâns de kant fan de Lytse Feart. In laachje ierde komt nei boppen en wurdt op in plestik seil útskodde. "Daar nemen we monsters van en dat wordt weer geanalyseerd in het lab", seit ien fan de fjildwurkers. It plak is soarchfâldich mei in GPS-systeem útset.

De fjildwurker draait wat ierde yn in potsje en hat dêrby moffen oan. "Wij zitten er elke dag in en dan wil je wel beschermd blijven tegen PFOS", seit er. PFOS is in ûnsichtbere gemyske stof dy't wetter en fet ôfstjit, mar ek skealik is foar de sûnens. De potsjes ierde ha in spesjale barkoade en wurde yn in laboratoarium fierder ûndersocht.
Boaiemûndersyk by de Jelsumerfeart
Boaiemûndersyk by de Jelsumer Feart © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De resultaten wurde oer in tal wiken ferwachte. "We hoopje dat der net al te folle alarmbellen mear binne", seit de wethâlder. Op basis fan de resultaten sil de gemeente yn oerlis mei de GGD en Wetterskip Fryslân advizen jaan oan de ynwenners.
Stellingwerf: "Dat kin om it brûken fan de grûn gean en yn it uterste gefal moat der miskien grûn fuothelle wurde, dan moat der sanearre wurde."
De gemeente Ljouwert sil wêr nedich fergunningen oanskerpe as it giet oer PFOS en PFAS.