Liveblog | 3 april

112-nijs fan 3 april: Brân yn loads Appelskea | Man en frou yn Ljouwert bedrige mei revolver

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 3 april, 14:37
14:37

Blusser Appelskea hat lêst fan reek

Appelskea
Appelskea © BTB Fotografie
De brân yn Appelskea sit yn it dak. Dat meldt de brânwacht. "Met de inzet van de hoogwerker proberen we de uitbreiding van de brand te stoppen. "
Ien persoan is neisjoen troch minsken fan de ambulânse. Neffens de brânwacht hie dizze man of frou "een eerste bluspoging" dien, en hat hy of sy dêrby reek binnenkrigen.
13:51

Ljouwerter bedriget buorlju mei revolver

In 46-jierrige Ljouwerter is feroardiele ta in selstraf fan 240 dagen, wêrfan 150 dagen ûnder betingst, fanwegen bedriging fan syn buorlju. Dat die de man yn july ferline jier mei in laden revolver.
De fertochte hie mei it wapen yn 'e hân op de efterdoar fan syn buorman yn de Murkstraat bonke. Efkes letter die er itselde op de ruten fan in buorfrou. Hy drige it hûs fan de frou yn brân te stekken. Se hat dat ynsidint as tige bedriigjend ûnderfûn, en help fan in psycholooch ynroppen.
De man hat op sitting syn ekskuzes oanbean oan de frou. Hy sei dat er net fan plan wie eat mei it wapen te dwaan. Hy hie it om't er it moai fûn.
13:44

Brân yn loads Appelskea

Appelskea
In heechwurker fan de brânwacht yn Appelskea © BTB Fotografie
Yn in loads oan de Industrieweg yn Appelskea is brân útbrutsen. It fjoer soe neffens de brânwacht yn it dak sitte. De korpsen fan Appelskea en Easterwâlde binne útriden om it fjoer út te meitsjen.
Der is opskaald nei 'middel brân' fanwegen de omfang fan de loads.
11:12

Opnij in gaslek yn Ljouwerter Mozartstraat

De brânwacht by it gaslek yn de Mozartstrjitte
De brânwacht by it gaslek yn de Mozartstrjitte © Kappers Media
Yn de Mozartstraat yn Ljouwert is fan 'e moarn opnij in gaslieding lek rekke by it ferwiderjen fan in beamstronk. Ofrûne tongersdei wie dat ek al it gefal.
De bewenners fan de strjitte moatte de ruten en doarren tichthâlde. De brânwacht en Liander binne oanwêzich om it lek te tichtsjen.
10:38

Autobrêge yn Lauwerseach wurket wer

Autobrêge sakket yn it wetter by Lauwerseach
Autobrêge sakket yn it wetter by Lauwerseach © ProNews Producties
De autobrêge yn de fearhaven fan Lauwerseach docht it wer. Dat meldt Rijkswaterstaat. De brêge is reparearre en test. Auto's kinne dus wer fan en oan board fan de fearboat nei Skiermûntseach.

Troch in steuring yn de elektroremmen fan de brêge sakke er sneontejûn stadich it wetter yn. De ôfrûne dagen waard in grutte kraan brûkt om de brêge te bestjinjen.
08:33

Goeiemoarn

Wolkom by it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.