Seis lannen, twa regio's en in ûnbekende sport op it EK keatsen: hoe wurket it?

anp
Llargues is ien fan de farianten op it EK keatsen © ANP
It Europeeske Kampioenskip keatsen begjint hjoed yn Freixo (Portugal). Seis lannen en twa regio's dogge mei om de titel yn fjouwer sporten, wêrfan't sy ien net goed kenne. Hoe wurket it?
It doel fan it EK keatsen is om de sport ynternasjonaal op de kaart te setten. Om de twa jier is der in EK, dêr't fjouwer farianten fan de sport spile wurde. It giet dan om one wall, llargues, ynternasjonaal spul en (dit jier) in Portugeeske fariant. Benammen dy lêste fariant ha de sporters it nochal dreech mei.
De Nederlânske seleksje bestiet folslein út Friezen.

Trije plus ien

Op alle EK's steane sawysa one wall, llargues en it ynternasjonaal spul op it programma. Fierders bringt it organisearjende lân in eigen fariant yn, sa binne der fjouwer spullen. Dat betsjut dat dit jier de Portugeeske fariant ek spile wurdt. It nuvere dêrfan is dat in pear spilers de regels noch net witte.

1. 'Unbekende sport' Portugese fariant

"It is in hiel lokale fariant", seit Corrie Kroondijk fan Easterein. "Wy ha in koart listke mei wat regels krigen, mar witte eins net hoe't dat wurket. It is tsjin in tsjerkemuorre oan en it wurket yn in trechter mei trije tsjin trije. It hat wol wat fan it muorrekeatsen, mar dat is it ek wer net hielendal."
"We weten hoe de bal eruitziet", seit Renze Pieter Hiemstra fan Deinum. "Maar daar houdt het dan ook wel mee op. De bondscoach loopt hier voor me en begint al te lachen. Het is voor iedereen een raadsel, maar we zien het wel."
keatserij
Renze Pieter Hiemstra, rjochts op de foto © Dijks Fotografie
Kroondijk kin har kânsen dus ek net goed ynskatte. "De manlju moatte hjoed as earste en dan sjogge wy wol efkes."

2. Muorrekeatsen

De grutste fariant, it one wall - ek wol muorrekeatsen - wurdt sjoen as in foarm fan squash sûnder racket. It spul wurdt spile mei ien tsjin ien of yn teams fan twa. Doel is om de bal tsjin de muorre te slaan, wêrnei't de bal mar ien kear stuitsje mei. It wurdt benammen yn de winter dien om ta te rieden op it nije keatsseizoen.
It Europeesk Kampioenskip keatsen begjint op woansdei 3 april mei de groepsfaze. De finales binne op 6 april. It Nederlânske team bestiet folslein út Friezen.
Froulju: Marrit Zeinstra, Harmke Siegersma, Corrie Kroondijk, Hiske Zeinstra en Senne Idsardi.
Manlju: Hendrik Kootstra, Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra, Marten Bergsma en Pieter Jan Leijenaar.
Oan it one wall dogge acht teams mei. Dat binne seis lannen: Frankryk, Italië, België, Ingelân, Portugal en Nederlân. De oare twa binne de regio's Valencia en Baskelân. Dy regio's dogge mei omdat sy twa farianten ha dy't tradisjoneel grut binne yn de keatswrâld; it llargues en de Baskyske fariant. Llargues wurdt ek spile op it EK.
"It muorrekeatsen is myn grutte favoryt", seit Kroondijk. "Yn de jeugd ha ik trije kear goud helle op de sport. Ik hoopje dit jier dus ek wer in moaie priis mei nei hûs te nimmen."
It muorrekeatsen yn Frjentsjer
Muorrekeatsen: ien fan de fjouwer farianten op it EK © Omrop Fryslân, Roelof de Vries
Kroondijk docht foar de fiifde kear mei oan in ynternasjonaal toernoai. "Ik fyn it hiel bysûnder dat ik selektearre bin en bin grutsk dat ik hjir wêze mei."
"We zijn de regerend kampioen op het muurkaatsen", seit Hiemstra. "Dus dan mag je ook wel voor de prijs gaan dit jaar. Al doe ik daar zelf niet aan mee. Gezien mijn leeftijd (hy is 38, red.) is het verstandiger om rustiger aan te doen."

3. Llargues

Llargues is in sport dy't liket op it 'Fryske' keatsen en benammen grut is yn Valencia. De Falensiaanske Federaasje docht dêrom mei oan it EK. Sy fine it wichtich om harren sport ynternasjonaal op de kaart te setten en te behâlden.
Llargues wurdt spile tusken ploegen fan trije oant fiif sporters. Sy spylje op in strjitte fan 70 meter lang. Doel is om de bal oer in tinkbyldige line hinne te slaan. Sa kin it team punten krije. It oare team kin de bal weromslaan en sa ek punten binnen helje.
"Llargues heeft raakvlakken met kaatsen", seit Hiemstra. "Verschil is wel dat je met twee man opslaat in een lang perk. Je speelt op beton of asfalt ten opzichte van gras en je speelt vijf tegen vijf. Daarnaast mag je ook nog met twee handen terugslaan." Dat is by it Fryske keatsen net sa.

4. Ynternasjonaal Spul

By it ynternasjonaal spul dogge acht teams mei, dy't ferdield binnen yn twa pûls fan fjouwer. By de froulju dogge fjouwer spylsters mei, by de mannen binne der fiif spilers. It fjild is 70 meter lang en 20 meter breed.
Koartsein is it doel om de bal nei de oare kant fan it fjild te slaan, dy't dêrnei troch it oare team weromslein wurde kin. "It is in soarte fan tennis sûnder racket", seit Kroondijk.
"De puntetelling giet ek itselfde en wy spylje op keunstgers. It iennige ferskil it dit jier dat der in oare bal is. Dy is hiel hurd en stuiteret folle mear. Dat is foar ús bot wennen. Wy sille sjen hoe't it komt mei de prizen."