Man út Drinte komt om it libben by ûngelok yn Sânhuzen

Deadlik ugelok Bekhofweg Sanhuzen
De helptsjinsten by it ûngelok yn Sânhuzen © BTBfotografie
By in ûngelok by Sânhuzen is fannacht is in 27-jierrige man út Beilen (Drinte) om it libben kaam. De auto dêr't er yn siet, klapte om 2.30 oere op in beam en kaam inkelde meters fierderop ta stilstân.
It ûngelok wie oan de Bekhofweg. De bestjoerder waard op it plak fan it ûngelok reanimearre, mar medyske help mocht net mear bate, sa seit de plysje.
De byrider, in 25-jierrige man fan Bergen op Zoom, is ferwûne oerbrocht nei it sikehûs. Hoe't hy deroan ta is, is net bekend.
De ravaazje nei it ûngelok wie grut. De auto rekke total loss. It motorblok en oare ûnderdielen leine ferspraat oer de dyk. De beam is út de grûn skuord. De dyk wie foar plysjeûndersyk in skoftke ticht, mar is yntusken wer frijjûn.
By it ûngelok wiene gjin oare weinen belutsen.