Metershege peaskefjurren lûke soad publyk

Peaskefjoer Elslo 2024
It peaskefjoer fan Elslo © BTBfotografie
Op ferskate plakken yn Fryslân waarden sneintejûn de tradisjonele peaskefjurren ûntstutsen.
Yn Elslo hie him in grutte kloft minsken sammele om it oanstekken fan it peaskefjoer te oanskôgjen. Om 19.30 hinne wie it sa fier. De metershege bult stie al gau folslein yn brân.
De peaskebult fan de âldjiersferiening Vesuvius yn Elslo is al jierren ien fan de grutste fan Fryslân en ek dit jier is dat wer slagge. Letter op de jûn wie der live muzyk yn 'e feesttinte.
It peaskefjoer yn Elslo:
Peaskefjoer yn Elslo: metershege bult stie al gau yn 'e brân
Ek yn Jobbegea wie der wer in peaskefjoer. Om 19.30 hinne gie oan de Oude Groningerweg in bulte tûken en snoeihout yn 'e hens.
Dêr kaam in soad publyk op ôf. Yn de rin fan de jûn begûn it te reinen, wêrnei't guon taskôgers al gau fuort wiene.
In soad organisatoaren fan peaskefjurren twivelje de lêste jierren oft de tradysje noch wol takomst hat, troch de strangere stikstofregels. Dochs waarden der yn Fryslân wer ferskate fjurren ûntstutsen.

Luchtkwaliteit

It RIVM warskôge earder dizze wike al foar minne oant tige minne luchtkwaliteit nei de peaskefjurren. It yn 'e brân stekken fan hout soarget op guon plakken foar hege konsintraasjes fynstof. Minsken dy't gefoelich binne foar smog waard oanret om binnen te bliuwen.
De gefolgen fan de lanlike peaskefjurren binne op Twadde Peaskedei ek goed te merken. It is moandeitemoarn flink dizich en der hinget in reeklucht bûtendoar.
Benammen yn it suden fan Fryslân binne de peaskefjurren op Earste Peaskedei in jierlikse tradysje. Mei it oanstekken dêrfan wurdt it begjin fan de maitiid fierd.
It is nei alle gedachten in iuwenâlde Germaanske tradysje wêrfan de oarsprong al foar it kristendom leit. Mooglik leauden de Germanen dat it fjoer kweade geasten ferjeie soe. Dêrneist soe de jiske goed wêze foar de fruchtberens fan de grûn.
De tsjerke makke it maitiidsfjoer letter ûnderdiel fan it kristlike feest.