Steuring yn autobrêge Lauwerseach, kraan ynset om tsjinstregeling trochgean te litten

De autobrêge fan Lauwerseach wurdt mei in kraan betsjinne
De autobrêge fan Lauwerseach wurdt mei in kraan betsjinne © Wagenborg Passagiersdiensten
Troch in steuring kin de autobrêge fan de fearhaven yn Lauwerseach op it stuit net brûkt wurde. Mei in grutte kraan kinne no dochs auto's op de fearboat komme. Neffens Ryskwettersteat sit de steuring yn de remmen fan de brêge.
Troch in steuring yn de elektroremmen fan de brêge sakke er sneontejûn stadich it wetter yn. De fearboat is doe wer weromfearn nei Skiermûntseach, dêr binne de auto's fan de boat ôfhelle.
Sneontejûn is in 400-tonskraan ynset om de autobrêge omheech te hâlden. De frachtweinen koene der letter op de jûn yn Lauwerseach ôf riden wurde, doe't de kraan op syn plak stie. Ek auto's kinne troch de kraan wer op de boat.

Net samar klear

Rykswettersteat ferwachtet dat de brêge yn alle gefallen dit wykein noch net sûnder kraan wurkje kin. Der moatte nije ûnderdielen besteld wurde. "Die komen deze week binnen. We verwachten dat de kraan deze week dus nog blijft staan", seit in wurdfierder fan Rykswettersteat.
Autobrêge sakket yn it wetter by Lauwerseach
De autobrêge sakke sneon it wetter yn by Lauwerseach © ProNews Producties
De ôffearten sette gewoan troch neffens de tsjinstregeling.

Tydlik

De autobrêge is in tydliken ien. De oarspronklike waard yn desimber foarich jier fuorthelle foar grut ûnderhâld. Ein 2024 wurde de renovearre ûnderdielen werom pleatst.
Hoe't it kin dat de remmen fan dizze tydlike brêge no stikken binne is net dúdlik. "Het blijft altijd techniek, er zitten bewegende delen in dus er kan altijd wat stuk gaan."
Yn Holwert gie de autobrêge ferline jier maaie ek stikken, dêr hat it moannen duorre oant der in tydlike brêge ynkaam is en de grutste oerlêst foarby wie. Rykswettersteat giet der fan út dat dat net it gefal wêze sil yn Lauwerseach.