Sa ferlear LDODK fan DVO yn de earste heale finale fan de play-offs Kuorbal League

LDODK nei ferlies tsjin DVO, Harjan Visser
Harjan Visser baalt nei de wedstriid © Dijks Media
LDODK hat sneontejûn de earste heale finale fan de Kuorbal League ferlern tsjin DVO út Bennekom. De ploech moat nije wike oan de bak om noch in kâns te meitsjen troch te gean.
It wie in sfearfolle jûn yn de Gordyk, mar de ploech út Bennekom begûn lyk hiel sterk. LDODK rûn dêrtroch gau achter de feiten oan. De fjouwer punten ferskil dy't DVO helle, wie dreech wer by te poatsjen.
Dochs naam LDODK yn de twadde helte in foarsprong, mar DVO wist it ôf te meitsjen. LDODK ferlear mei 14-16. It wie de earste wedstriid fan in 'best-of-three'.
Sjoch hjir de gearfetting fan de wedstriid:
Sa ferlear LDODK fan DVO
In teloarstelling dus foar trainer fan de ploech fan De Gordyk Gerald Aukes. "Wy komme goed yn de wedstriid werom, dan ha we se eins op de rêch lizzen. Mar dan skoare wy net, en oan de oare kant wol."
Dochs is er net folslein ûntefreden. "Wy hawwe wol fearkracht toand en wy hiene se aardich te pakken mei 14-12 mar dan falle lytse dinkjes krekt net goed."
Trainer Gerald Aukes oer de wedstriid
Foar spiler Julian Frieswijk wie it ferlies "een hele zware tik." De earste wedstriid thús woe er graach winne. "Dan ga je met een goed gevoel naar Bennekom, maar nu staat de druk volledig op ons."
It stie dus al hiel rap fjouwer nul yn de earste helte. LDODK moast der hurd oan lûke om werom te kommen. "Je merkt ook dat het heel veel energie kost na zo'n lang seizoen. En dan zie je dat het ons de laatste stuk van de tweede helft niet lukt", seit Frieswijk.
As LDODK werom wit te kommen lûke se de wedstriid net oer de streek. Frieswijk: "Dan staan zij uiteindelijk aan de goede kant van de score, het had ook zo andersom kunnen zijn."
Julian Frieswijk oer it ferlies
Nije wike is yn Bennekom de return tsjin DVO. Mocht LDODK dy wol winne, is op tiisdei 9 april it bepalende tredde duel.
"Het moet volgende week anders. Maar het is maar 1-0, laten we ervoor zorgen dat ze hier volgende week dinsdag weer komen, dan hebben we het goed gedaan", seit Frieswijk.
Dat optimisme klinkt ek troch by Aukes: "Wy moatte goed neitinke oer wat der no bart is, mar ik sjoch echt wol mooglikheden. Foarige wedstriid wûnen we dêr út ek dus alles is mooglik. Derfoar bliksem."