Cambuur Sjoernaal: Ljouwerters winne foar twadde kear op rige, it optimisme is werom

Cambuur sjoernaal Eindhoven
Ofbylding as yllustraasje © Dijks Media
Cambuur wûn freed foar de twadde kear op rige. Nei de 1-0 oerwinning op Telstar waard der dizze kear mei rom ferskil wûn fan FC Eindhoven: 3-0. Cambuur docht dêrtroch noch altyd mei yn de striid om de play-offs. It optimisme is werom by de Ljouwerters.
Yn Eindhoven hie Cambuur de saken benammen yn de ferdigening goed op oarder. It nije systeem (5-3-2, mei farianten) begjint te wurkjen. FC Eindhoven krige yn de hiele wedstriid mar ien grutte kâns, mar in flamjende kopbal waard troch keeper Yannick van Os prima keard.
Milan Smit en Remco Balk soargen foar in komfortabele rêststân fan 2-0. Balk hie doe al syn tolfde giele kaart fan it seizoen ynkassearre en hy is dus skorst foar de wedstriid tsjin ADO Den Haag fan nije wike. Daniël van Kaam soarge tweintich minuten foar de ein foar de einstân fan 3-0.
Alles oer FC Eindhoven-SC Cambuur yn it Cambuur Sjoernaal: