Pine sit noch altyd hiel djip by ûntsleine wurknimmers Prins Dokkum

Taede Wielstra yn it âld Prins fabryk.
Taede Wielstra yn it âld Prins-fabryk © Omrop Fryslân
De klap fan harren ûntslach kaam yn 2013 oan as in mokerslach by de metaalarbeiders fan Prins yn Dokkum. In grut part fan de manlju wie de fyftich al passearre en koe hiel dreech of hielendal net wer oan it wurk komme. Mar fierwei de grutste pine wie it gefoel ôftanke te wurden.
It negearjen fan harren ferbûnens mei it bedriuw en it folsleine gebrek fan wurdearring fan harren libbenslange ynset hat by in protte Prins meiwurkers hiele djippe wûnen slein. En dy binnen noch altyd fielber. Dat die hiel dúdlik bliken út de reaksjes fan it publyk by de premjêre yn Theater Sense fan de nije dokumintêre oer dizze saak.
Tsien jier nei de dokumintêre Manlju en Froulju fan Stiel fertelt dokumintêremakker Annet Huisman it ferhaal fan Prins Dokkum mei in pear haadrolspilers op 'e nij.

Samar op strjitte

Yn 2013 moast metaalferwurkingsbedriuw Prins Dokkum slute. It hast 75 jier âlde bedriuw wie oernaam troch in grut Europeesk konsern mei dêrachter in ynvestearringsbedriuw. It personiel krige earst kollektyf dien sûnder sosjaal plan. It fabryk soe slute en oerbrocht wurden nei Poalen, want Prins soe fallyt wêze.
Dêrom stienen de wurknimmers sûnder in sint op strjitte.
Frans Strolenberg en Taede Wielstra.
Frans Strolenberg en Taede Wielstra © Omrop Fryslân
Der folgen aksjes en in staking, wêryn't de froulju fan de metaalarbeiders in foarlûkersrol spilen. In unikum yn it Noarden. De fakbûnen besochten mei de wurknimmers oan te toanen dat it ûntslach ûnrjochtmjittich wie.

Rjochtsgong wurdt opjûn

Se kamen hiel fier. De ûndernimmingskeamer, de rjochtbank foar ûndernimmingssaken, stelde in ûndersyk yn nei de gong fan saken yn. Mar troch de driging fan de nije eigener Saferoad yn it gefal fan in ûndersyk hielendal neat te beteljen, stimde de mearderhied fan de 33 wurknimmers úteinlik foar it opjaan fan de rjochtsgong.
"Gelyk hawwe en gelyk krije, dat is in hiel ferskil", seit de PVT, de lytse ûndernimmingsried, yn de FryslânDOK fan 2014 hjiroer.
Manlju en froulju fan Stiel, FryslânDOK út 2014
Manlju en froulju fan Stiel, FryslânDOK út 2014 © Omrop Fryslân
De WW fan in baan yn de metaalsektor is gjin fetpot. Yn it earst waarden de wurknimmers ek noch koarte op dy útkearing omdat se staakt hiene.
It is in lytse oerwinning dat nei in rjochtsaak de bûnen in wetswiziging foar elkoar krigen dat dit yn de takomst ferbiedt, it saneamde 'dagloonbesluit'. Mar de úteinlike ûntslachfergoeding fan fiif moannen lean liedt by guon húshâldens ek wer ta koartingen, op bygelyks hiertaslach.

Kasinokapitalisme

Prof. Dr. Sierdjan Koster stelt dat Prins Dokkum slachtoffer wurden is fan it kasinokapitalisme. It bedriuw is opslokt troch in grut bûtenlânsk konsern, inkeld om der winst mei te meitsjen foar de oandielhâlders.
Âld-CNV Fakbûn bestjoerder Frans Strolenberg
Âld-CNV fakbûnbestjoerder Frans Strolenberg © Omrop Fryslân
Hy sjocht parallellen mei de hjoeddeiske ûntslaggen by Batavus/Accell op it Hearrenfean. Ald-fakbûnbestjoerder Frans Strolenberg sit it noch altyd dwers dat der net mear úthelle is foar de wurknimmers. "We hadden die zaak kunnen winnen", is syn oertsjûging.

Fjochtsje

En âld-metaalbewurker Taede Wielstra sei it tsien jier lyn al kearneftich: "It jild wint altyd." Hy heakket der no noch oan ta: "Mar ik ha wol leard te fjochtsjen. Foar it behâld fan it wurk en foar de kollega's."
Teade Wielstra hat nei de tiid op 'e nij wurk fûn by oare metaalbedriuwen. Wol meast op losse of tydlike basis. Doe't er by in bedriuw op It Hearrenfean op 'e nij ûntslein waard kaam it trauma fan Prins wer even spikerhurd boppe. Gelokkich wie der doe samar in ûnferwachte lústerjend ear. In útnûging foar in jûn sitte en prate, mei in sigaar en goed glês whisky hat him doe der trochhinne helle.
"Dus no...", sa seit Wielstra yn de dokumintêre, "No kin ik sizze: Ik bin it kwyt."
De FryslânDOK Prins Dokkum Útferkeap 2014-2024 is te sjen op sneon 30 maart op NPO 2 om 15.30 oere en snein 31 maart 13.20 oere.
Op snein 31 maart wurdt de dokumintêre op Omrop Fryslân útstjoerd om 17.00 oere, werhelling alle oeren.