Lêste keunstke fan Erwin Zwart: "Titel mei LDODK mear wurdich as wrâldtitel mei Oranje"

Erwin Zwart, LDODK
Erwin Zwart © Dijks Fotografie
Nei fjirtjin jier yn it earste spilet Erwin Zwart de kommende wiken syn lêste wedstriden by LDODK. De kuorballer is dwaande mei syn ôfskiedstoernee.
Wa't LDODK seit, seit Erwin Zwart. Yn 2010 spile er syn earste wedstriid yn it earste. Hy belibbe in hoop hichtepunten by de Gordyksters en helle ek it Nederlânske team, wêrmei't er twa kear wrâldkampioen waard en trije kear Europeesk kampioen.
Mar no is it klear. "Der komt in lytse oan en it herstel nei trainings en wedstriden duorret langer. It is in ynvestearring om alle kearen fanút wurk nei trainen te gean. Nei safolle jier ha ik ek wol nocht om oare dingen te dwaan", fertelt Zwart.
Wat binne de trije moaiste mominten út de karriêre fan Erwin Zwart?
It beslút fan Zwart om op te hâlden stiet fêst. Der binne foarbylden fan kuorballers dy't harren ôfskied oankundigen en wer begûnen, mar dat slút Zwart út. "Ik ha dy kar makke en stean efter myn beslút. Tennisje fyn ik moai, padelle, hurdfytse. Der binne genôch oare leuke sporten."
Syn ôfskiedstoernee duorret minimaal twa en maksimaal fjouwer wedstriden. Te begjinnen mei de earste wedstriid yn de heale finale tsjin DVO fan sneontejûn.
It twa- of trijelûk mei DVO is it iennige dat noch tusken LDODK en Ahoy yn stiet. Dêr, yn de Rotterdamske evenemintehal, wurdt tradisjoneel de finale om de Kuorbal League spile.
Erwin Zwart, LDODK
Erwin Zwart yn it duel mei PKC dit seizoen © Dijks Fotografie
Al jierren hawwe de Gordyksters de ambysje om 'Ahoy' te heljen. It slagge harren noch nea. Zwart spile fiif kear earder yn de play-offs om in finaleplak, mar oant no ta sûnder sukses.
Yn de eagen fan Zwart is der wol in ferskil mei de ôfrûne jierren. "Doe wiene PKC en TOP krekt in stapke fierder. No binne wy de nûmer twa, binne wy favoryt yn de heale finale en hawwe wy no it thúsfoardiel. Alles is yn in better stadium as de ôfrûne jierren."

Favoryt

It koe wol ris in hiel spannende heale finale wurde; LDODK en DVO sieten it hiele seizoen ticht by elkoar. Yn de kompetysje wûn LDODK de útwedstriid mei 23-22, thús einige it yn 25-25.
Zwart: "Ik tink dat beide ploegen goed oan inoar wage binne. Ik fyn dat wy yndividueel bettere spilers hawwe. Op basis dêrfan fyn ik dat we de winst pakke moatte. Ik bin oertsjûge dat wy Ahoy heljen geane."
Dit binne de wiken wêrfoar't we spylje. In hiel seizoen wurkje je ta nei dit momint.
LDODK-coach Gerald Aukes
LDODK-coach Gerald Aukes doart gjin favoryt oan te wizen foar it treffen mei DVO. "Wy hawwe it thúsfoardiel, dus dêryn hawwe wy in lyts foardiel. Fierder sit it hiel ticht by inoar. Beiden binne it skotfeardige ploegen", seit Aukes oer de heale finale.
Wis is dat de Grouster útsjocht nei de einfaze fan de kompetysje. "Dit binne de wiken wêrfoar't we spylje. In hiel seizoen wurkje je ta nei dit momint."
LDODK is nei eigen sizzen de favoryt yn de heale finale tsjin DVO
Aukes tinkt dat de kwaliteiten kwa froulju by beide ploegen lykweardich binne. "By de manlju hawwe wy wat mear kwaliteit yn lingte", wit Aukes. "Dêr kin we makliker mei spylje. En wy hawwe in oantal ynternasjonals dy't dit faker meimakke hawwe. Ik sjoch it as in útdaging om sjen te litten wa't we binne."
Neist Zwart nimt ek âld-ynternasjonal Marjolijn Kroon nei dit seizoen ôfskied fan de kuorbalsport. Ek Aukes is dwaande oan syn ôfskiedstoernee. Hy wurdt nei dit seizoen ferfong troch Jan Niebeek.
Gerald Aukes, LDODK
LDODK-coach Gerald Aukes mei spylster Danique Klaren © Orange Pictures
It lânskampioenskip mei LDODK soe foar de ôfskiednimmers de kroan op it wurk sette. Ek op de karriêre fan Zwart, dy't mei rjocht in LDODK-ikoan neamd wurde mei. "It soe in dream wêze dy't útkomt. Je ha mei it Nederlânsk team titels helle, mar úteinlik is in titel mei de klup my noch mear wurdich as de wrâldtitel mei it Nederlânske team."
De heale finale om de Nederlânske titel is in best-of-three. Sneon spilet LDODK thús de earste wedstriid en nije wike is de return yn Bennekom. Mochten beide teams dan ien wedstriid wûn hawwe, is tiisdei 9 april de bepalende tredde wedstriid op De Gordyk.

Live op 'e radio

It earste duel begjint sneon om 20.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân yn in ekstra sportprogramma op 'e radio. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar. Yn dat sportprogramma ek wiidweidich omtinken foar de útwedstriid fan sc Hearrenfean tsjin RKC.
Snein is der op de webside en yn de app fan Omrop Fryslân in gearfetting werom te sjen fan LDODK tsjin DVO.