Al waait der in oare politike wyn, de lânbou feroaret wol: “Het is onontkoombaar”

Tjeerd de Groot fan D66, krekt gjin Twadde Keamerlid mear
Tjeerd de Groot fan D66, krekt gjin Twadde Keamerlid mear © Omrop Fryslân
Tjeerd de Groot (D66) wie Keamerlid yn reservetiid, mar no nimt hy dochs echt ôfskied fan it parlemint. Der waait in oare politike wyn troch Den Haag, dêr't De Groot wolris wurch fan wurdt.
2.557 dagen, sa lang hat de Wâldseinster lid west fan de Twadde Keamer. De lêste 108 dagen dêrfan wiene yn reservetiid, want eins hie hy yn desimber ferline jier al ôfskied naam fan de Keamer.

"Hartstikke balen"

De Groot stie as nûmer tsien op de kandidatelist, dêr't D66 krekt 160 stimmen te min foar krige. "Ik werd niet gekozen, dat is natuurlijk hartstikke balen." Dochs waard hy in wike letter op 'e nij ynstallearre, fanwegen it kreamferlof fan in partijgenoate.
Mar ek dêr komt no in ein oan. "Ik heb het tot het laatst met het grootste plezier gedaan. Vooral met mijn collega's en de medewerkers in de fractie. Dat ga ik echt missen."
It cv fan Tjeerd de Groot
It cv fan Tjeerd de Groot © Omrop Fryslân
D66 sit al fan 2017 ôf yn it kabinet, mar ek dêr liket in ein oan te kommen, no't PVV, BBB, VVD en NSC ûnderhannelje oer in nije koälysje. It binne foar in grut part partijen dy't net sa tadien binne oan de opfettingen fan D66.

"Vermoeiend"

Dat die yn de ôfrûne tiid al bliken, doe't de nije Keamer earder belied weromdraaide.
"Soms zie je ook wel weer dat er een stap terug wordt gedaan. Dat je denkt: we hebben wat bereikt, maar dan moet het toch weer opnieuw bediscussieerd worden. Dat is soms wel wat vermoeiend", moat De Groot tajaan.
Mar ál it belied weromdraaie dat syn partij de ôfrûne jierren útset hat yn it lânbou- en stikstofdossier? Dat sil neffens De Groot net slagje.
"Het is onontkoombaar dat het gaat gebeuren. Ook die partijen zullen zich realiseren dat je dit land van het slot moet halen."
In oare takomst foar it buorkjen is net tsjin te hâlden, tinkt Tjeerd de Groot
De huzekrisis en de problemen fan bedriuwen dy't net útwreidzje kinne, bedarje fansels wer foar de fuotten fan it kabinet, tinkt De Groot. "Zij vragen aan de overheid: doe je werk, zorg dat de natuur wordt hersteld en het water weer schoon wordt."

Yn it belang fan de boer

De BBB hat it foar it sizzen yn de provinsjes, mar De Groot is ek dêr net benaud dat feroaringen yn de lânbou der net komme. "Het is zelfs niet in belang van de boeren, durf ik wel te zeggen."
De D66'er bliuwt efter syn ferhaal stean. "Je moet echt zeggen: we hebben de moed en gaan het anders doen. Daar nemen we een generatie voor. We beginnen morgen met kleine stappen en we gaan het samen doen."
Je ziet dat bij andere partijen het taboe op de omvang van de veestapel er wel af is.
Tjeerd de Groot (D66)
De Groot wekke fiif jier lyn de lilkens fan in soad boeren op doe't er pleite foar it mei de helte omleech bringen fan de feesteapel.
Dochs hat syn ferhaal fertuten dien, fynt er, want it tema is net mear ûnbesprekber. "Je ziet dat bij andere partijen het taboe op de omvang van de veestapel er wel af is."
Oare politisy sjogge ek dat yntinsive feehâlderij de takomst net hat, seit hy. Der komt feroaring. "Al mag het van mij wel sneller gaan."

Bedrige

Syn útspraken kamen De Groot wolris djoer te stean. Trekkers foar syn hûs, deadsbedrigingen op sosjale media en syn auto dy't yn 'e brân stutsen waard, De Groot makke it allgearre mei.
"Dat is gewoon vervelend en je kunt zeggen 'het hoort erbij', maar het hoort er helemaal niet bij. Maar je moet wel elke dag voor ogen houden waarom je het doet."
Tjeerd de Groot (D66) ûnderfûn in soad wjerstân út de agraryske sektor
De ûnderhannelingen fan de Fryske minister Piet Adema fan Lânbou om te kommen ta in lânbou-akkoart mislearren. Skande, fynt De Groot. "Hij had een mooi mandaat vanuit het coalitieakkoord, waar tot op de dag van vandaag steun voor is. Ik denk dat het beter had gekund."
De Groot hopet op in duorsumere lânbou, mar tinkt ek: "Ik weet niet of een landbouwakkoord daar een goed middel voor was."

Foarútskopolityk

De problemen binne grut en de natuer hat polityk yngripen nedich, fynt De Groot. "Het was echt nodig dat het chefsache werd, dat het hoger op de agenda kwam."
"Ik zag al in de jaren ervoor dat het pappen, nathouden en vooruitschuiven was. Dan weet je één ding zeker: dan worden de problemen alleen maar groter en de maatregelen die je moet nemen alleen maar ingrijpender."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Tjeerd de Groot.
De D66'er fynt lykwols dat feroaring ek ta stân komme moat yn de ekonomy. "Zorg dat je de verwerkende industrie en de retailers, al die partijen die verdienen aan de boer, bij de ballen hebt. Zorg dat zij naar een ander economisch model gaan."
As der jild fertsjinne wurde kin mei in natuerfreonliker wize fan buorkjen, krije je de boeren fansels wol mei.
Tjeerd de Groot is wol efkes klear mei de polityk, mar wol no syn ûnderfining trochjaan
Hoewol't er de minsken om him hinne misse sil, fynt De Groot it gjin ramp om út it Haachske te ferdwinen. "Na zeven jaar kijk ik ook wel weer naar een volgende stap."

Der komt in boek

De Groot wol in boek skriuwe om de lessen dy't er út de polityk leard hat, mei te jaan oan oaren.
"Aan jonge mensen die in de publieke sector willen werken, die bestuurskunde studeren. Die willen weten: hoe werkt het nu in de praktijk op zo'n ministerie. Daar wil ik een boek over schrijven."
Fierder wol er it wetter op yn 'e sylboat. "Zoveel mogelijk zeilen. Dat laat zich goed combineren met het schrijven."
De cartoon fan Gerco van Beek
De cartoon fan Gerco van Beek © Omrop Fryslân