Poppe te betiid berne? Alden kinne no yn deselde keamer sliepen bliuwe

Ferpleechkundige Willy Zettema by in couveuse
Ferpleechkundige Willy Zettema by in kûveuze © MCL
Alden fan slim sike poppen of poppen dy't te betiid berne binne, kinne fan no ôf by harren bern sliepen bliuwe yn it sikehûs. It MCL yn Ljouwert hat in nije ôfdieling mei spesjale 'húskeamers'.
In hypermodern apparaat yn 'e bûse dat yn kontakt stiet mei de keamers en in grien lampke boppe de keamerdoar dat oanjout oft der ien binnen is. De nijmoadrige snufkes binne wol even wennen foar de ferpleechkundigen op de nije ôfdieling neonatology fan it MCL.
Op de âlde ôfdieling wie it nammentlik allegear wol oersichtlik. "Dat wie ien grutte seal en dêr koest yn ien eachopslach sjen wa't help nedich hie", seit berneferpleechkundige Willy Zettema. "No wurkje wy 'achter sletten doarren'."
Yn de nije keamers kinne je njonken de poppe sliepe
Yn de nije keamers kinne je njonken de poppe sliepe © Omrop Fryslân
Dy apparaten binne oan de keamers keppele. Zettema: "As der wat is mei de baby, krije wy in seintsje en kinne wy nei binnen."
Neonatology is soarch foar poppen dy't te betiid berne binne of ferlet hawwe fan ekstra medyske soarch. Poppen dy't fan 32 wiken ôf berne binne, kinne yn it MCL terjochte.
As se noch earder berne binne, bliuwe se earst yn it Grinzer UMCG. Mei 30 wiken kinne famyljes dan yn Ljouwert in plak krije.
Se meitsje de feroarings graach yn it MCL, dêr't se tige grutsk binne op de ôfdieling. Nei twa moannen bivakkearje op in lyts stik njonken de intensive care kinne de bernedokters en ferpleechkundigen no lang om let los op it nagelnije plak.

Ynrjochte as húskeamer

Want eartiids koene âlden net sliepe bliuwe. In poppe dy't te betiid berne wurdt, moat faak meardere wiken yn it sikehûs bliuwe. Alden oernachtsje dan op in plak yn de buert of bygelyks by in Ronald McDonald-hûs.
No kin ien fan de âlden kontinu by de poppe bliuwe. De nije keamers binne nammentlik ynrjochte as húskeamer, mei in bêd njonken de kûveuze. Sa kin de famylje sa folle mooglik privacy krije, wylst se yn it MCL ferbliuwe.
Willy Zettema fertelt hoe't sa'n húskeamer derút sjocht:
Sa sjocht de nije ôfdieling der út
Foar de nije ôfdieling is goed harke nei de winsken fan âlden, fertelt bernedokter en neonatolooch Machteld van Scherpenzeel. "Het is een heel heftige situatie voor ouders."
"Als je het gevoel hebt dat je bij je kind op bezoek moet komen, voelt dat vreselijk. Hoe fijn is het dat je nu wel dicht bij je kind kan zijn en het 24/7 bij je te houden."
Machteld van Scherpenzeel, bernedokter en neonatolooch by it MCL
Machteld van Scherpenzeel © Omrop Fryslân
Van Scherpenzeel fynt it ek hiel natuerlik om op dizze nije wize de soarch te bieden.
"Het kind is het centrum van de familie en wij komen als passanten daarbij om ze te ondersteunen. Nu kan een gezin goed gehecht het ziekenhuis verlaten."
Ek is der tocht oan âlden dy't net sliepe bliuwe kinne. "Soms is het zo dat ouders niet bij hun zieke kind kunnen verblijven, bijvoorbeeld omdat er nog een heel gezin omheen draait", seit Van Scherpenzeel.
Dit is echt de takomst fan de soarch.
Berneferpleechkundige Willy Zettema
Dus hawwe se dêr ek nije sealen foar ynrjochte. "In dat geval willen we een combinatie bieden van een suite met privacy, maar dat je kind niet helemaal alleen ligt."
Dy kombinaasje is unyk yn Nederlân. De losse keamers en sealen binne wol op oare plakken te finen.
Yn totaal kin it MCL fjirtjin bern opfange by de neonatology. Der binne acht húskeamers en twa oersjochsealen. Op de kreamôfdieling wiene al fjouwer keamers.
"Dit is watst âlders biede moatst", seit Zettema grutsk as se oer de ôfdieling hinne sjocht. "Dit is echt de takomst fan de soarch."