Tsien kear minder lûdshinder fan F-35 mooglik: "Maar zo gaat het niet voelen"

In F-35 yn de loft
In F-35 yn de loft © Lennard Jan Geerts
Marsum en Jelsum profitearje it meast fan in oare wize fan it omheech gean fan F-35's fan de fleanbasis Ljouwert. Yn Menaam kin de oerlêst tanimme.
Dat docht bliken út ûndersyk fan it NLR (Nationaal Lucht en -Ruimtevaart Laboratorium) yn opdracht fan definsje.
De resultaten binne tongersdei oan de doarpen presentearre. Der is troch it NLR sjoen nei oare wizen fan it omheech gean en it lânjen. Bliken docht dat as de F-35 mei de neiferbrâner omheech giet en dy by it stek fan de basis wer útset, dat dit in soad leven skeelt.
Piken fan 115 desibel kinne dan ferline tiid wêze. It kin wol mei 10 desibel omleech. "Dat is tien keer zo weinig", seit basiskommandant Johan van Deventer.
De sterkte fan lûd wurdt útdrukt yn desibels, dB. Dat is in saneamde 'logaritmyske skaal'. Dat hâldt yn dat in tanimming fan 3 dB lyk stiet oan in ferdûbeling fan it lûd. Dus stel dat je 60 dB oan lûd produsearje en je draaie de knop nei 63 dB, dan is dat in ferdûbeling.
Ek al is it folle minder, Van Deventer warskôget wol dat it net sa fielt. "Je hoort bij dit soort waarden nog steeds een straaljager." Hy tinkt wol dat minsken fernimme sille dat it minder is as yn it ferline.

Maleur foar Menaam

Foar de doarpen deun njonken de fleanbasis en Ljouwert is it goed nijs. Mar it pakt minder goed út foar Menaam. Dêr nimt de lûdshinder ta.
It giet om 3 desibel. De ympakt dêrfan is folle minder, seit Van Deventer, om't it lûdsnivo dêr leger is as by de omlizzende doarpen.

Solidariteit yn de doarpen

Gerard Veldman fan doarpsbelang Jelsum-Koarnjum is wiis mei de útkomsten. It jout neffens him dúdlik oan dat der winst te beheljen is en dat de lûdspiken oanpakt wurde kinne.
Dat it foar Menaam krekt oars útpakt, sjocht Veldman ek. Mar hy seit dat der solidariteit is ûnder de doarpen: "Ast 10 desibel minder hawwe kinst en dat soe in ferheging fan 3 à 4 dB earne oars wurde, dan is dat in wichtich ferskil. Dan moatst al ferrekte goed lústerje om dy 3, 4 derút te heljen."
F-35's yn aksje
F-35's yn aksje © Frank Crebas Photography
Wat problematysk bliuwt, is de lâning. Dy is en bliuwt lûd.
Neffens Van Deventer is dêr net in soad oan te dwaan: "We hebben verschillende varianten getest. Met een hogere aanvliegroute bijvoorbeeld, maar dat geeft een hardere landing en dat geeft een hoger risico."

Winst by de lâning

Neffens Veldman is dêr wol winst te heljen. "Se lânje no geregeld yn in saneamd 'sirkwy'. Dan meitsje se in rûntsje boppe de basis. Dat jout oerlêst yn Stiens en Britsum. Se kinne der ek foar kieze rjochtstreeks te lânjen. Dat skeelt wol lûd."
F-35-kommandant Johan van Deventer
F-35-kommandant Johan van Deventer © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Van Deventer wol dêr lykwols net ôf: "Dat is een basisvaardigheid van vliegers. Het is een standaard die wereldwijd gebruikt wordt en ook in oorlogsgebied. Dat moeten wij oefenen."
Veldman hopet dat der dochs oer te praten is: "Al soenen se it wat minder faak dwaan, dan is dat al winst."

Noch oan wurke

De kommende moannen wurdt fierder wurke oan de oare fleanpatroanen. Neffens Van Deventer is dat foar de fleaners gjin probleem: "Ze moeten even weten wat ze moeten doen en dan doen ze het." Dat duorret grif in moanne as trije.
It rapport fan it NLR is net fuort in blaudruk foar de oare bases yn Nederlân, seit Van Deventer. Neffens him wurdt der yn Volkel wol sjoen nei de útkomsten, mar kin it dêr krekt oars wurkje. "Daar liggen de dorpen er weer anders bij dan hier in Leeuwarden."