In kurieuze samling yn Damwâld: bewarplak socht foar ‘útfeartmuseum’

Bote van der Schaaf yn syn eigen 'museum'
Bote van der Schaaf yn syn eigen 'museum' © RTV NOF | Koos Scherjon
Bote van der Schaaf fan Damwâld hat in kurieuze samling. De sliepkeamer stiet fol guod dat mei de dea en mei útfearten te krijen hat. Van der Schaaf siket in plak foar syn kolleksje.
De Damwâldster is al goed 40 jier dwaande mei it sammeljen fan guod. It begûn allegearre mei in boadeteken, ûnderdiel fan it kostúm fan in boade. Wouter Rozema, de boade fan Ikkerwâld, hold op en hy skonk him it teken.
Van der Schaaf stjoerde jierren grêfdollers yn de gemeente Dantumadiel oan en sadwaande kaam hy yn syn wurk noch folle mear guod tsjin. "As se wat fûnen, bygelyks hânfetten fan lykkisten, dan brochten se dat by my."

Fryske routradysje

De kolleksje bestiet benammen út guod dat te krijen hat mei de gebrûken fan eartiids. Oan elts foarwerp sit wol in ferhaal.
Stadichoan kaam dêr mear guod by. Van der Schaaf hat in oantal bysûndere foarwerpen kocht, mar krige ek in soad.
"As minsken it net mear brûkten, dan kaam it altyd fia fia by my terjochte", fertelt Van der Schaaf.

Deademaskers

Van der Schaaf wiist op twa deademaskers dy't er krigen hat. "It binne bernekopkes. Eartiids wiene der gjin fotografen, mar minsken woene dochs in oantinken oan in berntsje. Dan waarden der ôfjitsels fan makke."
It liket hjoed-de-dei wat krú, mar deademaskers wiene in wize om de oantinkens oan bern te bewarjen
It liket hjoed-de-dei wat krú, mar deademaskers wiene in wize om de oantinkens oan bern te bewarjen © RTV NOF
Yn de keamer stiet ek in diggelkast, fol mei spesjale rouservizen. Guon kopkes en pantsjes binne wyt, mar foar de swiere rou wiene der swarte farianten.

Bewarplak socht

Van der Schaaf siket in geskikt plak foar syn kolleksje. "Ik soe graach in plak fine om it út te stallen. It stiet no allegearre op in grutte bulte, mar ik hoopje in plak te finen dêr't it hinne kin."
Foar my hat it in grutte wearde, mar in oar seit: wat moatte wy mei dy rommel?
Bote van der Schaaf
Hy is sels mar wat grutsk op syn samling en hopet dy ek foar Fryslân en foar de takomst bewarje te kinnen. Mar dat is noch net samar klear. "Foar my hat it in grutte wearde, mar in oar seit: wat moatte wy mei dy rommel?"