WTC-opfang sit alle dagen hielendal fol, ek mei Peaske: "Alles beter dan tent of gras"

In romte yn it WTC
In romte yn it WTC © Omrop Fryslân
It WTC Expo yn Ljouwert sit alle dagen fol mei it maksimale tal asylsikers. Sûnt moandei is der yn de hal romte foar 250 flechtlingen. It COA ferwachtet ek dit peaskewykein maksimale besetting.
Yn 'e midden fan de hal binne groepkes manlju oan it tafelfuotbaljen. In eintsje fierder boartsje bern mei boartersguod dat de kringloop út Grou krekt brocht hat.
De asylsikers yn it WTC komme benammen út Syrië, Turkije en Libanon. Lokaasjemanager Miranda Bakker fan it COA fertelt dat der op dit stuit 15 bern opfongen wurde.
"Dat proberen we wel zo weinig mogelijk, maar als er geen alternatieven zijn voor de kinderen, dan komen ze hiernaartoe." Der wurdt wurke oan in spesjale berne- en frouljusromte mei deiljocht, sadat sy in plakje foar harren sels ha.

Better plak as Ter Apel

De hal is rom opset en is noflik waarm. Links binne de keammerkers mei twa steapelbêden te finen en oan de rjochterkant fan de hal de wc's, dûsen en waskromten.
Der stean tolve magnetronnen dêr't minsken iten yn opwaarmje kinne. Op de muorren binne grutte posters mei kij en blommen plakt, om it gehiel wat sfearfoller te meitsjen.
In jongfeint út Pakistan fertelt dat er bliid is mei syn plak yn it WTC. It iten is der goed en hy fielt him feilich. In tal manlju út Syrië seit dat it in folle better plak is as yn Ter Apel.
Miranda Bakker yn ien fan de keamers
Miranda Bakker yn ien fan de keamers © Omrop Fryslân
Der melde har alle dagen nije minsken by it oanmeldsintrum yn Ter Apel. It tal flechtlingen dat dêr opfongen wurdt leit dizze wike boppe de ôfsprutsen 2.000.

Ljouwert is nedich

De opfang yn Ljouwert liket dêryn net foar mear lucht te soargjen. Dochs sjocht it COA dat net sa, om't oare lokaasjes slute en opfangplakken op fakânsjeparken wer romte meitsje foar toeristen.
De opfang yn Ljouwert bliuwt dêrom nedich, seit Bakker. "We hebben binnen twee dagen al 250 mensen binnen, die we best op een humane manier opvangen. Alles is beter dan de tent of het gras, dus het is heel belangrijk."
Der moast hurd wurke wurde om alles op tiid klear te krijen
Der moast hurd wurke wurde om alles op tiid klear te krijen © Omrop Fryslân
Wat opfalt, is dat der in soad manlju opfongen wurde yn de hal. Bakker skat yn dat it sa'n 70 persint is, mar kin net sizze hoe't dat komt.
"Het is net zoals in Ter Apel, dat je niet weet wat er binnenkomt in de avond en nacht. Het is nog nooit zo geweest dat iemand vanuit Jemen belde en zei: ik kom met tien personen volgende week, heb je plek?", seit Bakker.
Alle flechtlingen dy't yn it WTC ferbliuwe, steane op in list en ha de plicht om harren moarns te melden. De earste minsken sille dizze wike wer nei Ter Apel foar de fierdere registraasje.
Sa binne der romten ynrjochte
Sa binne der romten ynrjochte © Omrop Fryslân
It oanmeldsintrum hat alle dagen kontakt mei Bakker om te freegjen hoefolle bêden oft se frij hat. "Dat geef ik door en dan kijken ze welke mensen in Ter Apel op dat moment beschikbaar zijn om mee te gaan."
De minsken komme dan tsjin de ein fan de middei oan yn Ljouwert. "Maar het kan best zo zijn dat als wij 's avonds nog 30 lege bedden hebben en Ter Apel weer overloopt, dat ze om 21.00 uur hier nog een bus naartoe kunnen sturen."

Ite en waskje

De bussen mei flechtlingen út Ter Apel komme oan de achterkant fan it gebou oan, dêrnei wurde de minsken earst yn in spesjale romte opfongen. Dêr kinne se ta rêst komme.
"Dan gaan we deze mensen vertellen dat ze in Leeuwarden zijn aangekomen, dat ze hier een aantal dagen blijven. Maar we vertellen ook niet te veel", seit Bakker.
"Want op het moment dat mensen aankomen, dan willen ze graag weten: 'waar slaap ik en wanneer ga ik eten'. En heel graag willen mensen hun kleding wassen. Dat is het belangrijkste."
In plafond
In plafond © Omrop Fryslân
Yn de Ljouwerter gemeentepolityk wie der frijwat diskusje oer de ferbliuwen fan de flechtlingen yn de hal. De keammerkes soene netten hawwe, yn stee fan plafonds. En dat jout net genôch privacy.

Plafonds mei soerstofgat

Mar yntusken hingje de earste plafonds. Wol is der oan de boppekant in romte iepenlitten, sadat der wat soerstof de keamers ynstreame kin.
Lokaasjemanager Bakker seit dat it net mooglik wie om earder alle plafonds te pleatsen, mar dat se de kommende tiid der allegearre hingje moatte. Al sil der wol mei de minsken oerlein wurde oft se it noflik fine om yn in ôfdutsen romte te sliepen.