Gemeenteried Ljouwert wrakselet mei eksorbitante kosten jeugdsoarch

jeugdzorg famke problemen jeugdsoarch jongereinsoarch stock
Ofbylding as yllustraasje © Shutterstock.com
It is in wrakseling foar de riedsleden fan de gemeente Ljouwert. Hoe krije sy fet op de kosten foar de jeugdsoarch? Dy rize de pan út yn de gemeente. Der is in oerskrieding fan hast 11 miljoen euro.
Yn de ried fan Ljouwert wie woansdei in ynformaasjegearkomste. Riedsleden koenen dêr fan amtners opheldering krije oer de de oarsaken fan de oerskrieding. Dy helderheid kaam der net alhiel. Riedsleden bliuwe mei in soad fragen achter.
Oarsaken oerskrieding jeugdsoarch:
  • Groei fan it oantal bern yn de jeugdhelp
  • Rap trochferwize
  • Krapte yn personiel wêrtroch in langer duorret foardat in behanneling start wurdt
  • Gjin ferfolch op jeugdsoarch, wêrtroch bern langer yn jeugdsoarch hâlden wurde
  • Soarchorganisaasjes mei as doel winst te beheljen en ynsette op soarch mei de 'heechste yntinsiteit'
  • Soarchoanbieders dy't ynsette op djoerdere trajekten om sa te kompensearjen op leankostestiging
"Hoe kun je zien dat de wethouder, Nathalie Kramers, grip heeft op de kosten?" It wie de fraach dy't hast alle riedsleden yn Ljouwert wol dwaande hâldt. "Wij hebben aan de antwoorden gezien dat zelfs de ambtenaren geen zicht hebben op wat nou de kosten voor volgend jaar worden", seit D66-riedslid Johan Magré.

Bettere kontrôle

Hy fynt dat soarchlik. Benammen om't hy benaud is dat de ried takom jier dan wer deselde diskusje fiert. Dy eangst is der net fuort by GrienLinks. Riedslid Roger Dragstra sjocht en fynt dat der al folle better kontrolearre wurdt op de útjeften.
Dragstra wol benammen sjen nei hoe't je foaral foarkomme dat jeugd help nedich hat. "Hoe verander je het systeem zo dat dat dan niet meer nodig is? Die vraag willen wij meegeven aan de wethouder."
Wethâlder Nathalie Kramers
Wethâlder Nathalie Kramers © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Mei alle ferskillende oarsaken is it ek de fraach yn hoe fier oft de gemeente stjoere kin, sa stelt riedslid Bauke Aalbers fan de PvdA. De gemeente is stranger wurden, is it antwurd. Der wurdt folle stranger tafersjoch hâlden op de fergoedings.

Nei de húsdokter

Neffens Carlijn Niesink fan de ChristenUnie is ek op in oar punt winst te beheljen. No kinne je fia de húsdokter of fia it spesjaal troch de gemeente oprjochte Jeugd Expert Team (JET) in trochferwizing krije nei help.
Húsdokters dogge dat lykwols in stik goedkeaper as it JET. "Dan zit daar een sleutel en moeten we daar een beter beeld op krijgen", aldus Niesink.
Neffens de amtners komt dat om't de meast komplekse saken oanbrocht wurde fia it ekspertteam. Dat giet der by Niesink net yn: "Een ouder denkt niet van: 'hé, mijn kind heeft een complex probleem. Laat ik naar het JET gaan'. Die gaat naar de huisarts."
Op fersyk fan de gemeenteried is ek sjoen nei hoe't in ferlykbere gemeente as Grins ditselde probleem oanpakt. Ek dêr is in foarse koste-oerskrieding fan hast 11 miljoen euro. Yn Grins sjogge se deselde oarsaken as yn Ljouwert.
Itselde jildt foar in gemeente as Emmen, sa sizze amtners fan Ljouwert.
Neffens Roger Dragstra (GrienLinks) is der noch in oar grut probleem mei de jeugdsoarch. "Ik schrik me rot over de marktwerking. Dat er sprake is van winstmaximalisatie bij aanbieders en dat we daar geen grip op kunnen krijgen." Dragstra sjocht it ek as in lanlik probleem.

Petear oangean

Dat erkent Niesink: "Maar de schuld wordt wel heel snel neergelegd bij externe partijen. De wethouder moet het gesprek aangaan met de staatssecretaris om aan te geven waar ze tegenaan lopen en hoe de jeugdwet aangepast moet worden om dat te voorkomen."
Op 17 april debatearret de gemeenteried fan Ljouwert fierder oer de koste-oerskrieding yn de jeugdsoarch.