Tûzenen boskjes en beammen plante: ‘griene fitraazje’ tusken Folsgeare en Snits

Hans Nieuwenhuijsen fan doarpsbelang Folsgeare mei in ympresje fan Abma's pleats by de griene sône
Hans Nieuwenhuijsen fan doarpsbelang Folsgeare mei in ympresje fan Abma's pleats by de griene sône © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It moat in natuerlike buffer foarmje tusken in yndustryterrein oan de westkant fan Snits en Folsgeare. De griene stripe is hast klear: it moat minsken yn de takomst it idee jaan as kuierje sy troch in park.
It ôfrûne jier is der troch ferskate wurklju hurd wurke oan in metamorfoaze. "It giet om 25 bunder bedriuwsgrûn. Dat ha wy nedich om de ûndernimmers in plak te jaan", seit wethâlder Bauke Dam.
Der komt in natuerlike buffersône tusken Folsgeare en Snits
It is passen en mijtten yn ús lytse lân, dêr't de romte o sa kostber is. Wenromte, natuer en yndustry: se gean lang net altyd hân yn hân mei-inoar.
Yn Súdwest-Fryslân hoopje se mei de oanlis fan in griene buffersône it passen en mjitten moai te meitsjen.

Fitraazje foar yndustry

"In soarte fan fitraazje om it sicht op dy yndustry wat fuort te nimmen. Mar it is ek in plak dêr't je kuierje kinne en floara en fauna sjogge", leit Dam út.
Wethâlder Bauke Dam fan de gemeente Súdwest-Fryslân plantet de lêste beam
Wethâlder Bauke Dam fan de gemeente Súdwest-Fryslân plantet de lêste beam © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It grien is altyd wichtich foar de minsk. Der is goed sjoen nei wat fûgels nedich binne.
"Der is keazen foar in soad fruchtdragende planten en beammen. Dat binne bygelyks strûken dêr't in soad beien oan komme", fertelt Anne Bakker. Hy is ien fan de minsken dy't it gebiet ynrjochte hat mei de beammen en strûken.
It earste jier sil der noch net safolle yn bloei stean. "Mar it twadde jier begjint alles al te kommen en dêrnei kenst it gebiet hast net mear werom."
Der binne 13.000 nije strûken kaam
Der binne 13.000 nije strûken kaam © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Dizze griene bufferstripe is foar Folsgeare it it begjin fan in lânskipsplan dat folle grutter is as de grienstripe dy't no oanlein is.

Bioferskaat

Dêryn stiet foarop dat der mear bioferskaat weromkomme moat. Ek in grut keunstwurk spilet in wichtige rol: stielen kontoeren moatte it plak oanjaan dêr't eartiids de histoaryske Abma's pleats stie. It moat in moetingsplak wurde wer ek optredens komme kinne.
"Wy wolle it moai ynrjochtsje foar sawol it doarp as it bedriuweterrein", fertelt Hans Nieuwenhuijsen. Hy is foarsitter fan it doarpsbelang Folsgeare.
De iepening fan de griene buffersône
De iepening fan de griene buffersône © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
"Ik hoopje dat der oer fiif jier in moaie biotoop ûnstien is", seit Nieuwenhuijsen. "Dat moat der in moai stikje natuer lizze."

Kamûflaazje

Yn it ferline wie der wol wat benaudens út Folsgeare wei. De gemeente hie grûn oant it doarp ta en wie benaud foar grutte bedriuwspannen. Dêrnei ûntstiene de plannen om de yndustry fan De Hemmen III te kamûflearjen.
Ek de tsjin ljochtfersmoariging fan De Hemmen II moat it natuergebiet wat dwaan. "Wy hoopje dat it wat tsjusterder wurdt."