Poarte fan it Waad nei Fryslân hast wer iepen; brêgen by Tjerk Hiddesslûzen Harns komme werom

Wurk Tjerk Hiddesslûzen
De Tjerk Hiddesslûzen út de loft wei © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Noch in wike, dan wurde de brêgen by de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns werompleatst. Dêrmei is de poarte fan it Waad nei Fryslân aanst lang om let wer iepen.
Sûnt desimber binne de orizjinele brêgen fuort foar renovaasje. Der kamen needbrêgen, mar dy kinne net iepen en ticht.
Dat wie net handich foar bygelyks de brune float. "Dy sitte der om te springen dat se der wer troch kinne", seit projektlieder Hotze Brouwer fan de provinsje.
Noch even en dan binne de brêgen der wer
"Fan 'e wike koene al in pear skippen binnentroch troch Harns, mar dat kin net foar alle skippen.", seit Brouwer.
Folgjende wike is dêr in nije mooglikheid foar. Woansdei begjint de oannimmer nammentlik mei it fuortheljen fan de needbrêgen. Dan kinne de skippen der nachts troch. Fytsers kinne der yn dy nacht net del. De oare deis wurde de restaurearre brêgen weromset.
Wurk Tjerk Hiddesslûzen
De slûzen © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Foar fytsers en fuotgongers betsjut dat útsein woansdei net folle oerlêst: dy kinne fia it slûsterrein deromhinne. Auto's en pindelbussen moatte wol omride.
De renovaasje fan de brêgen duorre langer as pland. Earst soene se yn febrewaris al werompleatst wurde.