Ein fan Aaipop set FNP Súdwest-Fryslân oan ta aksje: "Minder regels, mear feest"

Aaipop Stoflik Omskot muzyk
Stoflik Omskot op Aaipop © Omrop Fryslân
De FNP yn Súdwest-Fryslân wol dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders ynsichtlik makket wêrom't organisaasjes fan festivals en eveneminten hieltyd faker tsjin problemen oan rinne. Oanleiding is it beslút fan muzykfestival Aaipop om dermei op te hâlden.
De organisaasje fan Aaipop, dat elk jier mei Peaske hâlden wurdt by it doarp Nijlân, liet tiisdei witte nei 35 edysjes it evenemint net mear rûn te krijen. Dat komt troch in tekoart oan frijwilligers en oprinnende kosten, mar benammen troch hege regeldruk.
De FNP freget him ôf oft der yn Fryslân mear festivals en eveneminten binne dy't yn 'e knipe komme troch tanimmende regeldruk. En sa ja, wêr sitte dan benammen de problemen?

Ynventarisaasje

Mocht dêr gjin sicht op wêze, dan hopet de FNP dat it kolleezje in ynventarisaasje makket fan problemen dêr't organisaasjes en stichtingen tsjinoan rinne by it organisearjen fan in evenemint.
aaipop
Aaipop © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De fraksje hopet dat it kolleezje yn oerlis giet mei de organisaasje fan Aaipop om te sykjen nei oplossingen. Bygelyks in kampanje om frijwilligers te binen oan organisaasjes as oare foarmen fan bestjoer.

1-aprilgrap

"Minder regels, mear feest", skriuwt de FNP yn harren brief. De fraksje seit noch te hoopjen dat it om in 1-aprilgrap giet mei in serieuze ûndertoan. De organisatoaren fan Aaipop hawwe lykwols al oanjûn dat dat net it gefal is.