Gemeentebelangen Achtkarspelen skoot VVD'er nei foaren as wethâlder

Jelle Boerema
Jelle Boerema wurdt de opfolger fan Sierd Vegelin © Gemeente Achtkarspelen
Jelle Boerema wurdt wethâlder yn Achtkarspelen. De fraksje fan Gemeentebelangen Achtkarspelen skoot him nei foaren as opfolger fan Sierd Vegelin, dy't earder dizze moanne om persoanlike redenen ophold.
Boerema (62) hat tolve jier foar de VVD wethâlder west yn Kollumerlân en Noardeast-Fryslân. Dêr hold er nei de gemeenteriedsferkiezingen fan 2022 op.
Earder wie Boerema beropsmilitêr. Op it stuit wurket er as bewennersbegelieder by de Nationaal Coördinator Groningen, de organisaasje dy't ferantwurdlik is foar de fersterkingsoperaasje yn it Grinslanner ierdbevingsgebiet.

Portefûljes

Yn Achtkarspelen wurdt Boerema ûnder oare ferantwurdlik foar ferkear en ferfier, iepenbier grien, miljeu, ûnderwiis, jeugdsoarch, folkssûnens en duorsumens.
Boerema seit út te sjen nei syn nije útdaging, dêr't hy him yn ynsette wol foar de ynwenners fan de gemeente.
Wethâlder Sierd Vegelin fan Achtkarspelen
Wethâlder Sierd Vegelin fan Achtkarspelen © RTV NOF
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen giet flink op 'e kop. Vegelin wie de twadde wethâlder yn koarte tiid dy't ophold yn Achtkarspelen, nei Jouke Spoelstra. Dy wurdt boargemaster yn de Drintske gemeente Westerveld. Harjan Bruining is foardroegen as syn opfolger.
De gemeente moat takom jier ek op syk nei in nije boargemaster. Oebele Brouwer hat besletten om syn amtsperioade net te ferlingjen, om't hy noch werom wol nei de juridyske wrâld.